De middei fan Fryslân fan 20 novimber 2017 13:00

Gaby Wijnsma fan Mitselwier is in aksje begûn om de famylje te helpen dy't troch brân har hûs en alle guod dêryn kwytrekke binne. Mem wie krekt twa wiken lyn befallen fan in twilling en wie mei heit thús. De oare trije bern wienen yn it doarpshûs foar de yntocht fan Sinteklaas en doe ûntstie de brân troch koartsluting yn de keuken. Minsken út de kroech kamen om te helpen, de brânwacht wie der ek al, mar it hûs koe net mear rêden wurde.Gaby Wijnsma is dêrom te gast yn De middei fan Fryslân. "Op Facebook ha we in oprop dien, foar iten foar de bern, klean en ruften. Se hienen ommers neat mear. Hertferwaarmjend wienen de reaksjes, minsken ha massaal guod brocht nei it kafee. Se ha no earst foar need genôch. We sykje no grutter guod dat se brûke kinne as se tydlik yn in oar hûs komme." Der komt ek in bingo op sneon en de hiele opbringst giet nei de famylje. "It giet goed mei de famylje en se binne hiel bliid mei alle spullen. Se hienen it net ferwachte."

Mar we hawwe it ek oer wintersport! Snie, iis en kjeld! Der wurdt dit wykein wol 30 sintimeter snie ferwachte yn de Alpen. Goed nijs dus ast in wike wintersport fakânsje boekt hast. Bisto wat in fan fan wintersportfakânsje? Ik haw it sels noch nea dien, mar ik haw my fertelle litten dat it echt fantastysk is. En wurdst der ek noch brún fan. Mar hoe sit dat dit jier: wat binne de hotspots? Kin der noch boekt wurde? En wat kostet it no eins, sa'n fakânsje. Foar de minsken dy't it noch nea dien hawwe mar wol nijsgjirrich binne, bellet Femke mei Erik van der Waard fan reisburo Internoord út Ljouwert.

Ynsammelingsaksje foar famylje Mitselwier

  • Gaby Wijnsma fan de ynsammelingsaksje

Wintersport-tips

  • Reisburo Internoord

13:05 - Alain Clark - Blow Me Away
13:08 - Selena Gomez X Marshmello - Wolves
13:13 - Blues Brothers - Everybody Needs Somebody
13:16 - Die Twa - Fryslan
13:20 - Zedd & Alessia Cara - Stay
13:23 - Right Said Fred - Deeply Dippy
13:35 - Donna Summer - This Time I Know It's For Real
13:38 - Kelly Clarkson - Breakaway
13:48 - Robin Schulz - I Believe I'm Fine
13:52 - Beatles - She Loves You
13:53 - Janet Jackson - Whoops Now


14:05 - Communards - Don't Leave Me This Way
14:10 - Ellie Goulding - Still Falling For You
14:16 - Anno Van Der Werf & The Big Bounce - Talk To Me
14:21 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
14:24 - Bette Midler - To Deserve You
14:39 - Billy Joel - We Didn't Start The Fire
14:45 - Gabrielle - Dreams
14:50 - Abba - Dancing Queen
14:53 - Folkert-Hans - Cha Cha Cha


15:04 - Justin Bieber - Sorry
15:07 - Donna Lewis - I Love You Always Forever
15:15 - Mika - Grace Kelly
15:18 - Roy Orbison - You Got It
15:22 - Imagine Dragons - Whatever It Takes
15:36 - Leaf - Wonderwoman
15:40 - Westlife - Uptown Girl
15:47 - Charlie Puth - How Long
15:50 - Nynke Laverman - Seis Oere Thus
15:54 - Tom Jones - If I Only Knew

Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)