De middei fan Fryslân fan 2 novimber 2015 13:00

    Femke begjint de middei mei Janpier Brands, direkteur fan it nije poppoadium Neushoorn. It nije poadium moat de 'creatieve hotspot' fan Ljouwert wurde. In ambisjeus plan fan in like ambisjeuze man. Heech tiid om ris wat djipper te dûken yn de plannen fan dizze ûndernimmer út Drachtsterkompenije. En hoe kin dat better as oan de hân fan trije muzyknûmers?

    Wy soene efkes mei Annemarie Veltman yn Caïro belje, mar we krigen gjin ferbinning. Doe krigen we samar ûnferwachts kontakt mei Gerard de Graaf út Switserlân. Hy wurket dêr foar in catering bedriuw dy't cruise-skippen befoarriedet.

    Ek ha wy kontakt mei Sander Metz, freon fan de show. In pear wike lyn wie Sander by ús te gast doe't er folge waard troch de kameraploech fan de Ingelske tv-stjoerder TLC. Sy folgen him op syn syktocht nei syn biologyske âlden. Moandeitejûn om 18.00 is it momint fan de wierheid, want dan krijt Sander te hearren oft de DNA-test kloppet en wit er einliks wa't syn heit en mem binne. In super spannend momint dus!

    En kollega Saapke Binnema komt lâns om te fertellen oer de start fan de Weromrop. Fan hjoed ôf kinne jo in hiel soad argyfmateriaal fan Omrop Fryslân werom fine op de webside fan de Weromrop. In skatkiste oan prachtige bylden, histoaryske ynterviews en bysûndere ferhalen. Sjoch ek op www.weromrop.nl

    Gerard de Graaf út Switserlân

    • Gerard de Graaf út Switserlân

    Sander Metz oer syn syktocht nei syn biologyske âlden

    • Sander Metz oer syn syktocht nei syn biologyske âlden

    Projektlieder Saapke Binnema oer www.weromrop.nl

    • Projektlieder Saapke Binnema oer www.weromrop.nl

    13:10 - Bryan Adams - Somebody
    13:17 - Crowded House - Weather With You
    13:27 - Kenny B - Parijs
    13:49 - Diff - Hard To Heart
    14:06 - Hollies - Listen To Me
    14:11 - Madonna - Papa Don't Preach
    14:22 - Michael Jackson - Billie Jean
    14:24 - Rod Stewart - Da Ya Think I'm Sexy
    14:28 - James Morrison - Demons
    14:34 - Enrique Iglesias - Do You Know (The Ping Pong Song)
    14:38 - Rock Allround - Simmerske Dagen
    14:48 - Lois Lane - Simply Beautiful
    14:51 - Racoon - Shoes Of Lightning
    15:05 - Meja - All 'bout The Money
    15:10 - Fleetwood Mac - Big Love
    15:13 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
    15:23 - Piter Wilkens - Greideroas
    15:28 - Ilse Delange - The Great Escape
    15:34 - Hot Chocolate - So You Win Again
    15:44 - Huey Lewis & The News - Stuck With You
    15:52 - Tee Set - She Likes Weeds

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)