De middei fan Fryslân fan 2 jannewaris 2018 13:00

Fierder binne we fansels benijd nei dyn goede foarnimmens yn 2018! App sy ús fia de Omrop App of fia 06-20499199.

Diëtiste Karin Lambrechtse

  • Diëtiste Karin Lambrechtse

Alle foarnimmens fan 2017 om sûn te iten, te sporten en oan dyn gewicht te tinken binne fansels yn desimber op neat útrûn. Miskien wie dit earder dit jier ek al misrûn, mar foaral desimber is in moanne fan lekker ite. It begjint al mei de pipernuten en sûkeladeletters. Dan al dat lekkere iten noch mei de krystdagen. En as útsmiter fansels alle oaljekoeken, fette happen en oar lekker iten mei âld en nij. Heech tiid foar nije foarnimmens yn 2018, heech tiid om it roer wer om te goaien en sûner te iten. Of miskien sels wol op dieet te gean. Diëtiste Karin Lambrechtse jout ús tips.

Bea Post fan de Postcodeloterij

  • Bea Post, Postcodeloterij

It kin jim net ûntgien wêze, mar de haadpriis en oare prizen fan de Postcodeloterij binne fallen yn Eastermar. Fryslân is dochs al goed bedield mei prizen, want in lot yn de Staatloterij fan 100.000 euro is fallen yn de gemeente De Fryske Marren. Wat soesto dwaan asto safolle jild wûn hast? Ophâlde mei wurkjen, op reis gean, in nij hûs keapje? Bea Post begeliedt de priiswinners fan de Postcodeloterij. Dit docht sy al 27 jier en sy hat dan ek in soad tips foar de nije miljonêrs. We belje mei har om te hearen hokker tips dat sa al binne.

Online nijs fan Ronald van der Pol

  • DMF Ronald v d Pol

Wat wurde de online trends yn 2018? Ronald van der Pol fertelt it ús.

15:04 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
15:06 - Trockener Kecks - Met Hart En Ziel
15:15 - Katie Melua - Nine Million Bicycles
15:18 - Nik Kershaw - Wouldn't It Be Good
15:23 - Rita Ora - Anywhere
15:35 - Nena & Kim Wilde - Anyplace, Anywhere, Anytime
15:39 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
15:47 - Pink - Beautiful Trauma
15:50 - Jermaine Stewart - We Don't Have To Take Our Clothes Off
15:54 - Van Wieren & Yvonne Bleize - Ien

Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)