De middei fan Fryslân fan 2 april 2019 13:00

    Hjoed wer in hearlike tip fan Reitse, it oersjoch fan Bekend Fryslân, nijs oer it sjongfestival én de Plaat fan De Middei fansels. 

    Wouter Jongstra oer Nederlân dy't op nûmer ien stiet by de bookmakers

    Ja, it is wer safier, dit is wer in update fan it front dat it sjongfestival hjit. Wy stjitten hjoed nammentlik op in foto fan in tabel mei dêryn de de lannen dy't meidogge oan it festival en hoefolle prosint kâns se hawwe om te winnen. En ja.....ik bin hiel bliid om melde te kinnen, dat ús lân, ús prachtige Nederlân boppe oan stiet! It is toch net te leauwen! Wat betstjut dit en sitte de bookmakers in bytsje yn de goeie rjochting? Ja we helje gewoan ús sjongfestivalkenner Wouter Jongstra derby want hy kin syn ljocht hjir wol efkes oer skine litte of dit ek syn gedachtes binne oer de plaat fan Duncan Laurence.

    De Menút fan Reitse

    Tiisdei 2 april: Ceasarsalade
    Ik kin net in brassery of Grand kafee binnenrinne of se ferkeapje wol in Ceasar salade. Begryplik want it is in hearlike frisse salade foar in lunsj of maaltiidsalade. De oarsprong leit yn Amearika. In Amerikaanske kok mei de namme Ceasar hat it betocht. Hy wie fan Italiaanske ôfkomst en wenne yn San Diego. It ûntstie doe't er in salade makke, mar hast gjin yngrediïnten mear hie omdat it sa drok wie yn it restaurant. Hy makke dizze salade en de gasten kamen werom om deselde salade te iten. No wist hy dat er wat bysûnders hie, en hy neamde de salade Ceasar. It hat dus neat te krijen mei Julius Ceasar sa't de measten tinke. Jo brûke foar dit gerjocht trouwens wol Romeinse slaad....
    It geheim fan de salade sit yn de saus: ansjofiskfilets, knyflôk, moster, pear dripkes Worcestersaus, aaidjerre en oliifoalje. Lekker meitsje mei piper en sâlt út de mole. It Romeinske slaad ferminge mei de dressing, croutons der oer (dat binne bakte stikjes bôle) in pear ansjofiskjes en útbakte spekplakjes, guon dogge der ek lekkere grilde hin by, raspe Parmezaanske tsiis, in aaike ...tsja...sis it mar...ik sis: Lekker ite!

    It oersjoch fan Bekend Fryslân fan 2 april 2019

    13:05 - Eurythmics - Sweet Dreams
    13:09 - Travis - Sing
    13:16 - Nielson - Ijskoud
    13:19 - Sake - Heechterp
    13:24 - Youssou N'dour & Neneh Cerry - 7 Seconds
    13:34 - Crowded House - It's Only Natural
    13:37 - James Bay Ft. Julia Michaels - Peer Pressure
    13:49 - Texas - Inner Smile
    13:52 - Albert Hammond - Free Electric Band
    13:56 - Marillion - Kayleigh
    14:05 - Fine Young Cannibales - She Drives Me Crazy
    14:08 - Maroon 5 Ft. Christina Aguilera - Moves Like Jagger
    14:14 - Tjeerd Abma - Sunshiny Day
    14:16 - Wulf & Miss Montreal - Scared Of Love
    14:20 - Jazzpolitie - Liefdesliedjes
    14:24 - James Blunt - I'll Be Your Man
    14:34 - Panic At The Disco - High Hopes
    14:37 - Todd Rundgren - I Saw The Light
    14:44 - Foreigner - I Want To Know What Love Is
    14:48 - Jan Tekstra - Fan My
    14:52 - All Saints - Pure Shores
    14:56 - Het Goede Doel - Vriendschap


    15:05 - Kylie Minogue - Can't Get You Out Of My Head
    15:09 - Oasis - Wonderwall
    15:17 - Valerius - She Doesn't Know
    15:21 - Simple Minds - Don't You Forget About Me
    15:26 - Lady Gaga - Always Remember Us This Way [Ut A Star Is Born]
    15:38 - Script - Superheroes
    15:41 - Ava Max - So Am I
    15:46 - Ph.D. - I Won't Let You Down
    15:50 - Piter Wilkens - Bakker De Bakstien
    15:54 - Jan Smit & Damaru - Mi Rowsu (Ik Heb Een Tuintje In Mijn Hart)

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)