De middei fan Fryslân fan 19 septimber 2019 13:00

    It telefyzjeprogramma Hollands Next Top Model is wer úteinset. En dit jier dogge der ek twa Fryske famkes mei. Maha Eljak (19) út Snits en Silke Otten (22) fan Rottum. Trede sy yn de fuotleasten fan Doutzen Kroes of Akke Marije Marinus? En we hawwe it oer in hiel bysûndere brulloft..... 

    Fryske froulju Maha Eljak en Silke Otten dogge mei oan Hollands Next Top Model

    Yn De middei fan Fryslân wiene beide modellen te gast en fertelden se oer hoe't it der oan ta gong yn it modellehûs fan Hollands Next Top Model. Silke hearde as earste dat se by de lêste 20 kandidaten siet. 'Er was een grote castingdag en dan is het met 100 man wachten. En ik had het geluk dat ik als eerste hoorde dat ik bij de laatste 20 aan mocht sluiten, dus dat was wel supervet!', sa fertelt Silke.

    Wat it ekstra bysûnder makket foar Maha, is dat sy it earste model ea yn Hollands Next Top Model is mei in haaddoek. 'Ik vind het ook supertof. Er zijn zoveel moslimmeiden die ook gewoon heel blij zijn dat ze nu gerepresenteerd worden. Die reacties zijn ook supertof', sa seit Maha. Mar se sjocht sichself noch net as in rolmodel. Silke moat dêr wol om laitsje: 'Ik denk dat daar die Friese nuchterheid ook wel weer is'.

    Alle ôfleveringen binne al opnommen, mar de dames kinne noch neat sizze oer hoe't it ôfrint foar harren. 'Maar dat wil je ook niet weten toch, want dat haalt de spanning er ook weer af', sa seit Silke. Beide dames fûn de opnameperioade wol swierder as ferwachte. Ek om't se gjin telefoan by harren ha mochten om kontakt op te nimmen mei freonnen en famylje.

    Wat is harren oant no ta brocht hat? 'Ik denk sowieso toffe vrienden', sa seit Maha. Silke fult dat oan: 'Je maakt echt iets mee samen, wat je alleen met elkaar kunt bespreken. Je eigen omgeving weet niet hoe het is geweest. En je komt jezelf ook tegen'. Maha hat foaral ek in soad oer harself leard. 'Je leert meer over jezelf, ik heb nog nooit zoveel zitten nadenken'.

    De Menút fan Reitse

    Bitterkoekjes! 

    Enzo Knol ''crasht'' de brulloft fan Jari en Milena Yntena út Warkum

    13:05 - Prince - Cream
    13:08 - Snow Patrol - Just Say Yes
    13:15 - Krezip - How Would You Feel
    13:19 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
    13:22 - Robbie Williams - Angels
    13:26 - Bruno Mars - Treasure
    13:34 - Paul Simon - You Can Call Me Al
    13:39 - Taylor Swift - Lover
    13:50 - Ocean Colour Scene - Free My Name
    13:53 - Doors - Light My Fire
    13:56 - Janet Jackson - Together Again
    14:05 - Pretenders - Brass In Pocket
    14:08 - Chef' Special - In Your Arms
    14:14 - Carla De Bruine Ft. De Kast - Hoe't It Fielt
    14:18 - Mabel - Don't Call Me Up
    14:21 - Marvin Gaye - Sexual Healing
    14:25 - Jason Mraz - Have It All
    14:34 - Tino Martin - Zij Weet Het
    14:38 - Robert Palmer - Best Of Both Worlds
    14:43 - Ricky Martin - Maria
    14:52 - Gurbe Douwstra - Gek Op Dy
    14:55 - Anouk - Girl

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)