De middei fan Fryslân fan 19 july 2019 13:00

    Dit is De middei fan Fryslân fan 19 july 2019! 

    Mei hjoed de nije single fan De Bounty Hunters ''De Bounty's'', hearre we wer efkes by Friezen dy't meidogge oan de Nijmeegse Fjouwerdaagse en in wer in hearlike ''De Menút fan Reitse''! 

    Fansels kinsto ek aardige prizen winne op ús simmerrêd én De Plaat fan De Middei oer .... de nije Top Gun film dy't útkomt yn 2020. 

    Johannes Rypma oer de nije single fan De Bounty Hunters

    Hy hat echt in hiel soad fans.... dat ha se lykwols allegear by dizze band. Se ha sels sokke grutte fans dat dy echt alle dagen fan harren hearre litte wannear't se muzyk fan dizze band foarby kommen hearre. Hoe hjit soks ek mar wer... ohja groupies. Ik haw it oer De Bounty Hunters! En ja, sy komme ek nochris mei in nije plaat...dus ik tink dat se fans hielendal lyrysk binne. Dit is Johannes Rypma oer de nije single: ''De Bounty's!''  

    De Menút fan Reitse

    Simmer yn Fryslân: Daiquiri day!

    Reitse Spanninga: ''Hjoed is het Daiquiri day...huh wat foar day?....hear ik jimme sizzen.....it is in cocktail dy oarspronklik komt út Santiago, Cuba.... Tsja... no witte jimme it wol, en oars wit ús regisseur Margaretha it wol...der sit rum yn! Margaretha is nammentlik in grut cocktailkenner. Mar dêroer daliks mear. Daiquiri is in populêre cocktail, mei brune sûker, rum, limoen wêrby je sels yn gedachten dreame op in strân fan 28°C mei de fuotten yn it seewetter, palmen en in swoel fleuchje wyn. Je kinne it einliks yn eltse gerenomearre cocktailbar bestelle, mei fariaasjes fan ierdbei en altyd mei in protte iis.
    Mar no it breaking news! Der is noch in eksoatyske cocktail en dy is ferneamd nei ús regisseur...Margaretha.
    Dat koene se yn Mexico net útsprekke, want der komt it wei dus makken se der Margaritha fan! It bestiet út 2 delen tequila, 1.5 deel Cointreau en 1 deel limoen sop, shake mei iis. It komt yn in cocktailglês wêrby je mei in partsje limoen op de râne ynsmarre, yn it sâlt drukke en dan de cocktail yn it glês dwaan....tsjonge dat is heftich! Mar wol tige lekker!
    In noflik wykein en genietsje fan de sinne, miskien wol mei in cocktail!''

    13:03 - Deep Blue Something - Breakfast At Tiffany's
    13:07 - James Morrison - Wonderful World
    13:15 - Kygo & Whitney Houston - Higher Love
    13:19 - Greidebern Ft. Wiebe Kaspers - Nim My Mei Dy Mei
    13:23 - El Debarge - Who's Johnny
    13:33 - 10Cc - Dreadlock Holiday
    13:37 - Ed Sheeran Feat. Khalid - Beautiful People
    13:43 - The Bounty Hunters - The Bounty's
    13:47 - Big Mountain - Baby, I Love Your Way
    13:51 - Suzan & Freek - Blauwe Dag
    13:54 - Wang Chung - Dance Hall Days
    14:04 - Peter Allen - I Go To Rio
    14:07 - Eliza Doolittle - Pack Up
    14:13 - Tim Douwsma - Fryslan
    14:16 - Kriss Kross Amsterdam X Tabitha - Moment
    14:19 - Eros Ramazzotti - Piu Bella Cosa
    14:24 - Beyonce - Spirits
    14:34 - Fleetwood Mac - Go Your Own Way
    14:37 - Jonas Brothers - Sucker
    14:41 - Alvaro Soler - La Libertad
    14:49 - Gwen Stefani - Cool
    14:52 - Outfield - Your Love
    14:55 - Lucas & Steve - Up Till Dawn


    15:05 - Counting Crows - Big Yellow Taxi
    15:08 - R3Hab X A Touch Of Class - All Around The World (La La La)
    15:17 - Culture Club - Karma Chameleon
    15:21 - Tears For Fears - Advice For The Young At Heart
    15:25 - Panic At The Disco - Hey Look Ma, I Made It
    15:33 - Gavin James - Glow
    15:37 - Kris Berry Ft. L29 - Anything You Can Do
    15:42 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
    15:45 - P!Nk Feat. Cash Cash - Can We Pretend
    15:52 - Berlin - Take My Breath Away
    15:56 - Jerry Lee Lewis - Great Balls Of Fire
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)