De middei fan Fryslân fan 19 augustus 2019 13:00

    In hiele goeiemiddei, dit is De middei fan Fryslân fan 19 augustus

    De dei fan de jierappel...mei Reitse Spanninga en De plaat fan de Middei yn it teken fan De Dei fan de Fotografy!

    We ha ek kontakt mei Alisa Stekelenburg. It frouljus-skûtsje fan Team Oant Moarn hâldt der nammentlik mei op. Nei fjouwer jier set skipper Alisa Stekelenburg in punt achter it all-woman wedstrydskûtsje yn de IFKS. Wêrom? Dat hearst dizze middei.

    Fansels dogge we ek Sis it Net yn dit programma!

    De Menút fan Reitse

    Dei fan de Jierappel! 

    Alisa Stekelenburg fan it IFKS- frouljusskûtsje ''Oant Moarn''

    It frouljusskûtsje Gerrit Ynze fan de Galamadammen fan Team Oant Moarn hâldt der nei fjouwer jier mei op. Dit jier waard it skûtsje yn de C-klasse tolfde yn it einklassemint. "We soenen dit foar fiif jier dwaan, mar it kostet in soad tiid en ik wol ek graach mei myn hûske oan de gong. Mar we hawwe seker in prachttiid hân", seit skipper Alisa Stekelenburg.

    De froulju op it skûtsje de Gerrit Ynze - Foto: Team Oant Moarn

    Wêrom hâlde jim der mei op?

    "We soenen dit projekt foar fiif jier dwaan, mar it kostet in soad tiid. Ik haw in hûske dêr't ik mei oan de gong wol. Dat it tiid kostet jout op himsels neat, want it jout ek enerzjy, mar je wolle ek wol wer ris wat oars. It idee wie dat we sjen woenen hoefier at we komme soenen mei allinnich froulju. Ik hearde letter wol dat der wolris earder in frouljusskûtsjes west hat, en op oare skûtsjes sitte fansels ek wol froulju, mar net in skûtsje mei allinich mei froulju."

    En hoefier binne jim kaam?

    "Dit jier binne we as tolfde einige fan fyftjin skûtsjes. We hienen dit jier net sa'n soad ferwachtings, mar der sieten wol in hiel soad snelle skûtjses by en der binne ek nije bykaam, dy fan skipper Harmen Brouwer en Steven Zijsling bygelyks. Us eigen skûtsje hat gewoan net safolle wyn nedich. As it net sa hurd waait, dan dogge wy wol gewoan mei. Foarich jier waarden we fyfde en dat fielde as wienen we kampioen wurden. Ik fûn wol dat wy hiel goed yn de handelingen sieten, mar it komt der wol op del dat we mear traine moatte. Dy A-klasse giet mei foltúch mei wynkrêft 6 de mar op, dat slagget út net."

    Dan misse jim dochs dy manlike spierkrêft?

    "Ja, dat tink ik dochs wol. Al soenen je mei mear trainen en sterker útkomme kinne."

    Is it in idee om in spesjale kompetysje foar froulju te organisearjen?

    "Ja, dat soe kinne, ja."

    Soest sa'n projekt no wer oppakke?

    "Nee, dat tink ik net. Ik soe it net wer oangean. It wie wol geweldich en ik haw ek in hiel soad leard en mei allinnich froulju, dat komt ek echt wol goed. As ik wer meidoch, dan dochs mei in mingde ploech. "

    Sjogge wy Alisa Stekelenburg wer as skipper op de IFKS?

    "Poeh, dat wit ik noch net. Ik wol earst thús oan de gong, dus dat kin ik no noch net sizze. Mar ik sis noait noait, want it skûtsjesilen is fantastysk leuk."

    Rennie Botma yn De middei fan Fryslân

    Hoe wie Rennie har fakânsje? 

    13:04 - Inner Cirlce - Sweat (A La La La Long)
    13:08 - Kelly Clarkson - Since You've Been Gone
    13:14 - Krezip - How Would You Feel
    13:17 - Weima & Van Der Werf - Jaloersk Op Myn Broers
    13:22 - Chris Rea - I Can Hear Your Heart Beat
    13:31 - Santana - Well All Right
    13:36 - Clarence Clemons & Jackson Browne - You're A Friend Of Mine
    13:46 - Avicii Ft. Chris Martin - Heaven
    13:50 - Van Velzen - Lovesong
    13:54 - Thelma Houston - Don't Leave Me This Way
    14:04 - Hooters - Satellite
    14:08 - Neon Trees - Animal
    14:18 - Jon! - Hawaii
    14:21 - Luis Fonsi Ft. Nicky Jam - Date La Vuelta
    14:26 - Tom Cochrane - Life Is A Highway
    14:36 - Joe Buck - The Way You Take Time
    14:38 - Real Thing - You To Me Are Everything
    14:43 - De Dijk - Nergens Goed Voor
    14:50 - Swartbunt - It Sil Stoarmje
    14:54 - Lucie Silvas - Breathe In


    15:03 - Veldhuis & Kemper - Bijzonder
    15:06 - Ricky Martin - Maria
    15:13 - Gwen Stefani - The Sweet Escape
    15:17 - Tears For Fears - Advice For The Young At Heart
    15:22 - Martin Garrix Ft. Macklemore - Summer Days
    15:36 - Travie Mccoy (Ft. Bruno Mars) - Billionaire
    15:39 - Alvaro Soler - La Libertad
    15:44 - Marvin Gaye & Tammi Terrel - Ain't No Mountain High Enough
    15:46 - Sytse Haima - Werom Is It Sa't It Is
    15:49 - Charles & Eddie - Would I Lie To You
    15:55 - Ringo Starr - Photograph

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)