De middei fan Fryslân fan 18 novimber 2019 13:00

    Goeiemiddei, wolkom by de Middei fan Fryslân fan moandei 18 novimber.

    Wat kinsto hjoed by ús ferwachtsje? Wy hawwe kontakt mei freondinne fan de sjo Rennie Botma. We binne hiel benijd wat sy dizze wike wer allegear belibbe hat. Dêrneist kinst dy miskien wol herinnerje dat wy hjir in oantal wiken lyn alle dagen in kandidaat fan Liet yn de studio hân hawwe. Ofrûne freed wie de finale en wy belje aanst mei de winnende act. En wy hawwe nijs! Tenminste... dat tinke wy. Want wy belje ek mei Iris Kroes, dy't grut nijs te fertellen hat.

    En fansels spylje wy ús spultsje 'sis it net' en draaie wy wer in plaat fan de middei wêrsto op stimme kinst. En hjoed is dat yn it tema fjoer! Want it is de wike fan de brânbefeiliging! 

    Us Margaretha hat geweldich nijs!

    Al in pear wiken is ús producer Margaretha mei swangerskipsferlof en ôfrûne sneon wie it dan einliks sa fier...

    Rennie Botma

    Rennie fertelt ús wat sy dizze wike wêr belibbe hat.

    Sequens oer de winst fan Liet 2019

    Iris Kroes giet op wrâldreis!

    Iris Kroes giet op'e nij op cruise

    De menút fan Reitse

    Reade bieten is in hearlike winter griente. De grounachtige smaak wurd troch de measte minsken weardeard. De reade bieten binne de bekendste. En read binne se...reader kin hast net!
    Der wurdt út reade bieten in natuerlike kleurstof helle, betanine dit ha we it E162 nummer joon. Dit nummer is, foar alle dúdlikheid ien die gjin kwea kin! Bieten binne der yn allegearre kleuren: giel, wit of read mei wit (de Italiaanske). De smaak fan bieten is tige goed te kombinearen mei nije hearing yn in salade mei appel. Mar de measte sille de seane bieten ite mei in skeutsje jittik, sipeltsje, blêdsje laurier en mei in krûdnageltsje. Fariaasjes genôch dus mei de reade bieten.... goed te bewarjen yn de kelder. Lekker foar de winter! Oant moarn.

    13:04 - Texas - Black Eyed Boy
    13:16 - Andries De Vries - Lyts Famke
    13:20 - Avicii Ft. Chris Martin - Heaven
    13:25 - Michelle Branch - Everywhere
    13:34 - Belinda Carlisle - Circle In The Sand
    13:38 - Ava Max - Torn
    13:41 - Counting Crows - Accidentally In Love
    13:49 - Supertramp - Dreamer
    13:52 - Sophie B. Hawkins - Right Beside You
    13:56 - Snelle Marco Borsato & John Ewbank - Lippenstift


    14:05 - George Benson - Give Me The Night
    14:09 - Script - Superheroes
    14:20 - Lizzo & Ariana Grande - Good As Hell (Remix)
    14:23 - Tim Douwsma - 1 + 1 = 3
    14:26 - Joni Mitchell - Big Yellow Taxi
    14:34 - Shawn Mendes & Camila Cabello - Senorita
    14:37 - Pilot - Magic
    14:41 - Cardigans - My Favourite Game
    14:48 - Helder - Altyd By Dy
    14:51 - Alain Clark - Hold On
    14:54 - Richard Marx - Satisfied


    15:04 - Bob Sinclar - Love Generation
    15:07 - Kate Bush - Cloudbusting
    15:19 - Miley Cyrus - Slide Away
    15:22 - Moloko - Sing It Back
    15:34 - Michael Buble - It's A Beautiful Day
    15:37 - Golden Earring - Say When
    15:44 - Abba - Take A Chance On Me
    15:48 - Grytz & Grize - Kanjer
    15:51 - Dan + Shay & Justin Bieber - 10,000 Hours
    15:54 - Johnny Cash - Ring Of Fire

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)