De middei fan Fryslân fan 18 jannewaris 2016 13:00

Femke is mei fakânsje en dus is presintator Geert van Tuinen de kommende twa wiken jo gasthear yn De middei fan Fryslân. Geert begjint de middei hjoed mei in bysûndere muzikale gast. Sjongeres Agnes Sambrink komt lâns yn de studio om te fertellen oer wat har dwaande hâldt. Se spilet yn in nije band 'Road proved', en sil yn april har nije cd útbringe mei de titel 'Open Hearted'. Boppedat is se drok dwaande mei har eigen show, dy't de namme 'Agnes Invites', krije sil. Wy binne benijd!

Yn augustus wiene Geert en Femke te gast op It Amelân om dêrwei live it radioprogramma te dwaan. Ien fan de bysûndere gasten dy't oan tafel siet wie Ria Evers. Sy is troud mei Anthony, dy't fan Curacao komt. Ria en Anthony wenje al wer in skoftke op It Amelân mar sy wolle hiel graach werom nei Bonaire. Spitich genôch ha sy hjir gjin jild foar en dêrom komme de eilanners no yn aksje. Mei crowdfunding wolle se jild ophelje om de weromreis fan Ria en Anthony te bekostigjen. De aksjes ha oant no ta 3000 euro opsmiten. Der is sa'n 10.000 euro nedich. De aksjes geane no troch oant de foarjiersfakânsje! Jeanet de Jong sil ús hjir alles oer fertelle. En wat docht dit mei Ria?  Sjoch ek http://www.persbureau-ameland.nl/crowdfunding

We sjogge efkes by Sandra Planting yn Eastenryk. Sy hat mei har man it appartemintekompleks Haus am Wald yn Steindorf, in doarpke oan de Ossiacher See yn Karintië. Soe der al in protte snie lizze? En soene se it ek drok ha hjirtroch?

De trui fan Lars

Jeanet de Jong en Ria Dokters fan it Amelân

Jan Hessel Planting fan Steindorf, Eastenryk

Lars Hoekstra fan de Onlineredaksje

13:09 - Ub 40 - Red Red Wine
13:16 - Cher - Love And Understanding
13:28 - Agnes Sambrink - Loosen The Reins
13:35 - Lynyrd Skynyrd - Sweet Home Alabama
13:53 - Kim Mc Arthur - Time (Drivin' With The Wind)
14:03 - Dave Clark Five - You Got What It Takes
14:08 - Cure - Close To Me
14:18 - Britney Spears - Oops!...I Think I Did It Again
14:24 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
14:28 - Jackie Wilson - Reet Petite
14:33 - Juanes - La Camisa Negra
14:37 - Maxi Priest - Close To You
14:50 - Chef' Special - In Your Arms
14:55 - Jaap Louwes - Fan Saiets


15:03 - Toto - Don't Chain My Heart
15:10 - Lime - Your Love
15:21 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
15:33 - Sailor - Girls Girls Girls
15:43 - Sake - Skoal
15:49 - Marcel Smit - Tattoo Fries
15:53 - E.L.O. - Mr. Blue Sky

Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)