De middei fan Fryslân fan 18 april 2019 13:00

    It is hjoed de dei fan de moade, dat is it tema fan tongersdei yn dizze spesjale maitiidswike fan Omrop Fryslân! En doe't wy tochten oan moade...tochten wy fuort oan ús eigen moade-ekspert Ingrid de Boer dy't hjir geregeld wat fertelt oer de trends fan it momint, want elkenien kin sa no en dan wol wat tips brûke toch?

    Sjongeres Iris Kroes is ek te gast, Sjefkok Reitse Spanninga komt wer mei in smultip en fansels dogge wy hjoed Sykje it Spantsje! 

    Ingrid de Boer oer de moadetrends op dit stuit

    Ingrid de Boer fan Your Daily Fashion News is yn de studio en hat moadetips foar manlju én froulju. 

    Iris Kroes oer har World Cruise

    Se hat op al hiel wat cruises sitten, mar de cruise dêr't se no op stappe sil dat is toch wol echt the top of the bill. In cruise dy't werklik de hiele wrâld oer farre sil, en ús eigen Iris Kroes of hiel tapaslik Iris Cruise sil ek mei! Takom sneon fart de boat út.... en stiet dyn koffer al klear Iris?

    De Menút fan Reitse

    Tongersdei 18 april spegel aaien
    Dizze wike foar de Peaske fertel ik eltse kear yn de minút fan Reitse kulinêre ynfo oer aaien. Hjoed in simpele...spegel aaien mei dragon of basilikum. Krij in knapperich broadsje in pistolet of sa. Snij it broadsje yn mei in kartelmes en smarre mei boerebûter. Dan belizze mei belegen boeretsiis en in pear skyfkes tomaat. Lit de koekepanne mei de anty-oanbaklaach súntsjes waarm wurde en doch der in klontsje bûter yn. Wannear't de bûter raand is en krekt begint te brûzjen it aai deryn en foarsichtich tsjok wurde litte op leech fjoer. By farske aaien sjogge jo dat it aaiwyt moai by de djerre bliuwt, âlde aaien rinne hielendal út. It aai sturje litte.. tink derom en net bakke mei rantsjes deroan. In pear triedsjes farske dragon, of basilikum in bytsje seesâlt en farske piper. Doch it aai op it pistoletsje en tsjinje it op...Wannear jo sa'n moarnsbrochje krije mei peaske...wurde it wol hiel moaie dagen! Lekker ite!!

    13:05 - Chumbawamba - Tubthumping
    13:08 - Modjo - Lady
    13:15 - Tab Kriss Kross Amsterdam, Maan - Hij Is Van Mij
    13:18 - Piter Wilkens - Oeral Op'e Wrald
    13:24 - Queen - Heaven For Everyone
    13:35 - Bee Gees - You Win Again
    13:39 - Nielson - Ijskoud
    13:48 - Gabriel Rios - Broad Daylight
    13:55 - Zedd & Katy Perry - 365


    14:05 - Billy Ocean - When The Going Gets Tough
    14:09 - Brooke Fraser - Something In The Water
    14:18 - Tim Douwsma - Fryslan
    14:22 - Alvaro Soler - Loca
    14:25 - Madness - Our House
    14:35 - Ava Max - So Am I
    14:38 - John Travolta & Olivia Newton-John - You're The One That I Want
    14:44 - Charles & Eddie - Would I Lie To You
    14:48 - Jan De Vries - Bildtstars & Eigenheimers [Single Edit]
    14:52 - Nelly Furtado - All Good Things (Come To An End)
    14:56 - Bruce Springsteen - Glory Days


    15:06 - Gavin Degraw - Chariot
    15:10 - El Debarge - Who's Johnny
    15:19 - Sara Bareilles - King Of Anything
    15:22 - Scene - Blauw
    15:37 - Pharrell Williams - Happy
    15:41 - Clean Bandit Ft. Ellie Goulding - Mama
    15:46 - Bangles - Manic Monday
    15:50 - Syb - Ik Sil Der Weze
    15:56 - O-Zone - Dragostea Din Tei

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)