De middei fan Fryslân fan 18 april 2017 13:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Sander en Esmee sjonge in duet foar 'Jij en Ik'!

    • Sander en Esmee sjonge in duet foar 'Jij en Ik'!

    Kinst it, Jij en Ik? Yn it programma sjonge âlden en bern duetten mei-inoar, om sa sjen te litten hoe moai en wichtich de bân is tusken âlden en bern en hoefolle bern dat misse moatte op de wrâld. Mar om optrede te meien dy jûn, moatte de duetten earst in soad likes en views krije op ynternet! No binne der ek in Frysk heit en dochter dy't hjir oan meidogge, Sander en Esmee Metz, fan Itens.

    Jesper Zwart oer syn útsûnderlike aventoeren yn Georgië

    • Jesper Zwart oer syn útsûnderlike aventoeren yn Georgië

    En do hearst fan 'e middei it bysûndere ferhaal fan de 30-jierrige Jesper Zwart fan Hurdegaryp. Syn libben is folslein oer de kop helle nei't er in besite brocht oan Georgië. Doe't er op it fleanfjild dêr oankaam waard er der útpikt as de 6-miljoenste toerist fan it lân. En dêr witte se yn it lân wol in feest fan te meitsjen. Fan 'e moarn hie Jesper yn syn yntusken tige drokke bestean efkes tiid om mei Diana te praten. Hy is sels ek noch ûnder de yndruk fan wat der allegearre bard is!

    Lars Hoekstra mei it nijsgjirrichste nijs fan ynternet

    • Lars Hoekstra mei it nijsgjirrichste nijs fan ynternet
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)