De middei fan Fryslân fan 17 novimber 2015 13:00

It is wer tiisdei, dus tiid foar Omrop Help. Tjitske Hiemstra siket it boek Fertelle fan Jelle, skreaun troch Auck Peanstra. Se hat jierrenlyn mei in soad wille foarlêzen út dit boek oan har eigen bern, mar kin it nergens mear fine yn de eigen boekekasten. En ek op ynternet komt se it boek net mear tsjin. Sels de Afûk-winkel hat it net mear. Wa hat dit fleurige berneboek fan Auck Peanstra yn de kast stean en wol it wol kwyt?

Willemien Terpstra fan Rotsterhaule hie yn augustus in oprop dien yn Omrop Help. Se hat de berteleppel fan Jentje Johannes Ruurds, berne op 18 maaie 1794 yn Tacosyl en doopt yn Sondel op 6 july. De leppel sit al lang yn de famylje fan Willemien mar se wol him werom jaan oan de famylje fan Jentje Johannes. Mar hoe sit dat mei de stambeam? We krigen in soad reaksjes mar faak rûn it spoar ek wer dea. No hat Feike Samplonius út Sondel it mystearje oplost!! Hy fertelt ús de skiednis fan dizze leppel en fan Jentje Johannes Ruurds.

Wendy Kennedy fan Omrop Fryslân en Ines Jonker fan de Ljouwter Krante fertelle ús wat oer Finster op Fryslân, in nije webside dy't juster yn de loft gong is. Wat foar nije wedside is dat eins? Wat kinne jo der sa al op sjen en fine? No al nijsgjirrich? Sjoch op www.finsteropfryslan.frl

Yn oanrin nei de Voedselbankaksje dy't de regionale omroppen ek dit jier wer hâlde fan 7 oant 18 desimber sjogge we alfêst foarút. Geert van Tuinen is mei Simone Scheffer en René Koster de ferslachjouwer yn dy wiken. Hy sjocht hjoed by twa supermerken dy't ynsammelpunt binne mei de aksjes mar sels ek noch wat bysûnders betocht ha. En fansels skoot ien fan de jonges fan de Online Redaksje wer oan om te fertellen wat harren opfallen is op ynternet.

Wendy Kennedy en Ines Jonker oer finsteropfryslan,frl

  • Wendy Kennedy en Ines Jonker oer finsteropfryslan,frl

Jaap fan de Online Redaksje

  • Jaap fan de Online Redaksje

13:10 - Wax - Bridge To Your Heart
13:16 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
13:22 - Bauke Van Der Woude - Kobani
13:36 - Gabrielle - When A Woman
13:39 - Common Linnets - Hearts On Fire
13:50 - Skik - Op Fietse
14:07 - Sam & Dave - Soulman
14:12 - Fiction Factory - Feels Like Heaven
14:25 - Anouk - Birds
14:28 - Sam Hunt - Take Your Time
14:36 - Train - Hey Soul Sister
14:39 - De Kast - Neem Me Zo
14:50 - Pitbull (Ft. John Ryan) - Fireball
15:05 - Mr. Big - Wild World
15:11 - Tim Douwsma - Wolst By My Bliuwe Te Sliepen
15:22 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
15:34 - Tavares - Heaven Must Be Missing An Angel
15:44 - Diana Ross - Why Do Fools Fall In Love
15:52 - Earth & Fire - Storm And Thunder

Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)