De middei fan Fryslân fan 17 jannewaris 2019 13:00

    Hjoed in nagelnije De middei fan Fryslân!

    Leon ''De Flits fan Snits'' Brinksma

    Leon 'de flits fan Snits' Brinksma, sa hjit hy. Hy is yntusken bêst wol in bekende fan Omrop Fryslân want hy timmeret al in pear jier hurd oan de wei as 'tandemhurdfytser'. Leon hat in lichte ferstanlike en fisuele beheining mar is tige fanatyk yn de sport en dat lit hy sjen ek want hy docht op syn Twitter in spesjale oprop oan wa't ek leafhawwer is fan de tandem....om by him yn it team te kommen as piloat.......

    Ferstekkeling oan board by ''Our Anna''

    Mist ien ek in kat: brún mei swart en wite poatsjes... hy is fan de wike in wike mei op in fiskersskip. Hy krijt alle dagen in lekker fiskje en in skaaltsje wetter. En komt gelokkich dit wykein wer oan yn Harns.

    En wy ha kontakt mei dizze boat Our Anna en in Frysk bemanningslid Jillink Coorn fan De Lemmer, want dit is fansels wol bysûnder in kat dy't efkes in wike 'ferstekkeling' is.

    Esther Nederhof oer in duorsum ytpatroan yn de takomst

    Ik wit net ofsto der wolris oer neitinkst... de takomst en dan spesifyk it jier 2050. Ik kaam nammentlik fan 'e moarn in berjocht tsjin en dat giet oer dat wy mei ús allen drastysk ús ytgewoantes feroarje moatte wolle wy dizze planeet en alle bewenners rêde. Dat seit in team fan ynternasjonale wittenskippers út 16 lannen. Mar dêrfoar moatte minsken wol harren fleis-en sûkerkomsumpsje halvearje en dûbel safolle grientes en fruit ite, ohja en nuten.

    Trije jier lang ha dizze wittenskippers dêroan wurke en mei dit dieet soene 11 miljoen minsken sparre wurde kinne dy't no ferstjerre troch it ytpatroan dy't effekt hat op bepaalde syktes. Mar ek de útstjit fan broeikasgassen wurdt se fermindere en wurdt de natuer behâlden.
    In grut ûndersyk dus, en dat spruts my wol oan, want ik bin de lêste tiid dêr wol in soad oer oan it neitinken hoefolle fleis we eins ite... en hoe maklik it is om nei de sûkerprodukten te gripen wylst dat hielendal net hoecht. 

    13:05 - Climie Fischer - Love Changes Everything
    13:09 - Corrs - Would You Be Happier
    13:18 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk
    13:21 - Meja - All 'bout The Money
    13:24 - Natalie Imbruglia - Shiver
    13:36 - Michael Jackson - Smooth Criminal
    13:39 - Bertolf - Already Down
    13:50 - Daniel Powter - Bad Day
    13:54 - Rod Stewart - Da Ya Think I'm Sexy
    14:05 - Paul Young - Come Back And Stay
    14:09 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
    14:19 - Frerik De Swetser - Ik Wie Blyn
    14:21 - Ava Max - Sweet But Psycho
    14:25 - Jamie Cullum - Mind Trick
    14:37 - Wulf - Front Row Ticket
    14:39 - Heart - Alone
    14:46 - Maxi Priest - Close To You
    14:50 - Beand & Skep - Sa Moai
    14:53 - Nelly Furtado - I'm Like A Bird


    15:03 - Dua Lipa - Be The One
    15:07 - Guus Meeuwis & Vagant - Ik Tel Tot 3
    15:17 - Hot Chelle Rae - Tonight Tonight
    15:20 - E.L.O. - All Over The World
    15:26 - Maroon 5 Ft. Cardi B - Girls Like You
    15:36 - Vanvelzen - Baby Get Higher
    15:40 - Guy Sebastian - Before I Go
    15:45 - Moloko - Sing It Back
    15:48 - Reboelje - In Nij Begjin
    15:52 - Robbie Williams Ft. Kylie Minogue - Kids

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)