De middei fan Fryslân fan 16 maaie 2019 13:00

    Hoi! Goeiemiddei, dit is De middei fan Fryslân fan tongersdei 16 maaie.

    Wy sille it fansels ha oer de twadde heale finale fan it sjongfestival mei sjongfestivalkenner Wouter Jongstra. Hy sil ús alfêst efkes waarm meitsje foar de spannende jûn mei Duncan Laurence.
    Ek de Menút fan Reitse giet wer oer in Israëlyske itensiedenstip, ha wy nije muzyk fan in singer-songwriter mei in Frysk tintsje én belje wy mei Friezinne Lianne Artz dy't mei de groep Angels Inc. hiel populêr is by Britain's Got Talent!

    En fansels is ek it sjongfestival spultsje te winnen by SIS IT NET!

    Bist der ek by?

    Wouter Jongstra sjocht foarút op de twadde heale finale fan it Sjongfestival 2019

    Jahahaha, de hiele wike ha we it der al oer. It sjongfestival. Websides, media, apps oeral stean de berjochten en de kânsen fan Duncan Laurence op beskreaun... it is gewoan IT nijs fan de wike. Ik skat de kânsen hiel grut, mar ik moat dan ek sizze dat ik ek gjin goed byld ha fan de konkurrinsje..

    Ik moat it der mar efkes oer ha mei Wouter Jongstra, ús sjongfestivalkenner fan de sjo. hy wit hjir fêst wol wat oer te sizzen en hat hy ek in bytsje lêst fan senuwen?

    Friezinne Lianne Artz sit yn de populêre groep Angels Inc en docht mei oan Britain's Got Talent

    Se ferôveren earder it Nederlânske publyk al by SBS6 yn it programma Circus Gerstanowitz.... dêr waard doe al fan ''Ynternasjonale potinsje'' sprutsen... en dy foarspelling komt út want de audysjes fan Britain's Got Talent sitte der yntusken op en de sjuery is ek hjir totaal LYRYSK fan de dames fan Angels Inc. In groep mei froulju dy't allegear yllúzjonistyske trúks dogge. Ien fan dy froulju is Lianne Artz, Fries om utens út Drachten. En noch in pear nachtsjes en dan hearre se oft se troch binne nei de heale finales!

    De Menút fan Reitse

    Baba Ganoush 

    De earste single fan Fryske studint Justin Ripassa

    Hy makket no al furoare mei syn earste single. Another Friend. Hy is noch mar 19 jier, mar no al hiel fanatyk dwaande mei de muzyk. In soad spylje, altyd covers...mar no dan toch echt syn eigen earste plaat... ik haw it oer Justin Ripassa.

    13:05 - Spin Doctors - Two Princes
    13:10 - Owl City - Fireflies
    13:15 - Ava Max - Sweet But Psycho
    13:18 - Twarres - Tink Oan My
    13:22 - Rick James - Superfreak
    13:26 - Anna Kendrick - Cups
    13:35 - Steve Miller Band - The Joker
    13:38 - Sly Fox - Let's Go All The Way
    13:53 - Armin Van Buuren Marco Borsato - Hoe Het Danst


    14:03 - Irene Cara - Fame
    14:07 - Lange Frans & The Lau - Zing Voor Me
    14:17 - Berend Riemersma - Walking Out That Door
    14:19 - Alan Walker Ft. Sophia Somajo - Diamond Heart
    14:23 - Young Gun Silver Fox - Midnight In Richmont
    14:34 - B.B. King - Ain't Nobody Home
    14:37 - Guy Sebastian - Before I Go
    14:41 - Manau - La Tribu De Dana
    14:47 - Jaap Louwes - Stikje Foar Stikje
    14:52 - Elvis Presley - A Little Less Conversation (Jxl)
    14:56 - June Lodge - Someone Loves You Honey


    15:06 - Vanvelzen - Deep
    15:10 - Stranglers - Golden Brown
    15:18 - Justin Ripassa - Another Friend
    15:22 - Krystl - Fool For You
    15:34 - Sieneke - Ik Ben Verliefd (Sha-La-Lie)
    15:37 - Linda Ronstadt - It's So Easy
    15:39 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
    15:45 - Double Date - E-Mail To Berlin
    15:47 - Madonna & Maluma - Medellin
    15:52 - Maisonettes - Heartache Avenue
    15:55 - Joan Franka - You And Me

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)