De middei fan Fryslân fan 16 maaie 2018 13:00

    Se sette Voice of Holland sawol yn 2012 as yn 2013 folslein op de kop. Se helle de twadde kear dat se meidie oan The Voice sels in tredde plak yn de finale mei coach Marco Borsato. Se komt út Dokkum mar wennet alwer in skoftsje yn Ljouwert ...mar stilsitte docht se seker net. Want dizze frou wie justerjûn te bewûnderjen op de telefyzje yn de spulsjo So You Think You can Sing! En dat is....Gerrie Dantuma! 

    Gerrie Dantuma docht mei oan So You Think You Can Sing

    Hoe skriuwst no de bêste brief foar Boer Zoekt Vrouw?

    Dizze twa wiken binne miskien wol hiel spannend foar dy. Want silst dy no wol dy opjaan of net?En om presys te wêzen: do hast no noch 11 dagen..om dyn favoryte boer of boerin in brief te skreauwen. Mar sa yts is net sa mar klear. Want hoe skriuwst no dé brief...dy't útkeazen wurdt en dy't echt opfalt út dy dikke bergen en doazen brieven dy't binnenkomme? En dan ha ik it noch net iens oar de foto's. Wat foar foto's moatte derby? Selfie's...of giest nei in profesjonele fotograaf foar de foto's?

    No, ik sil dy helpe. Want miskien..kinsto troch dizze tips....aanst wol skitterje op tillevyzje en einigje mei de leafde fan dyn libben. Tineke Brouwer fan Relaasjebemiddelingsbedriuw Samen Verder wit it.

    Fal op
    It is hiel belangryk datst opfalst mei dyn brief. By foarige ôfleveringen krige in boer wolris hûnderten brieven. Dus dyn brief moat net standert wêze. Jou der in persoanlik tintsje oan.

    Foto
    In fideo mei lykwols net. Jou dêrom in foto mei watst yn dyn persoanlike libben dochst. Sykje wat wêrmei'tst in klik mei him of har hast. Probearje dat te sykjen.

    Net te formeel
    Hast in moai en dúdlik hânskrift? Skriuw de brief dan sels. Oars is it dochs better om it op de kompjûter te dwaan. Mar tink derom! It is gjin sollisitaasjebrief, dus it hoecht net te formeel.

    Sjoch nei de takomst
    En wat moatst beslist net dwaan? Kom net mei lange ferhalen oer dyn ferline en hoe't dyn leafdeslibben west hat. Do giest foar de nije leafde fan dyn libben, dus sjoch nei de takomst.

    Tink derom wat de boer freget
    Probearje yn te gean op wat in boer freget. Freget hy of sy om in selsstannige, ûndernimmende frou? Fertel dan net datst in ferlegen, ôfstanlike persoanlikheid hast!

    13:05 - Alphabeat - Fascination
    13:08 - Niall Horan - On The Loose
    13:12 - Julian Lennon - Too Late For Goodbye
    13:15 - Bricquebec - Strjitlizzer
    13:19 - Take That - Back For Good
    13:24 - Douwe Bob - Slow Down
    13:37 - B-52's - Love Shack
    13:42 - Racoon - Laugh About It
    13:51 - Jett Rebel - Amy
    13:54 - Otis Redding - Hard To Handle


    14:04 - Alison Moyet - Is This Love
    14:08 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
    14:16 - Shawn Mendes - In My Blood
    14:20 - Gabrielle - Dreams
    14:24 - Alain Clark - Back In My World
    14:38 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
    14:41 - Foreigner - Say You Will
    14:47 - Boyzone - Love Me For A Reason
    14:51 - Jacksons - Blame It On The Boogie
    14:54 - Iris Kroes - Thus


    15:06 - Justin Bieber - Sorry
    15:09 - Skik - Op Fietse
    15:20 - Kelly Clarkson - Breakaway
    15:24 - Level 42 - Something About You
    15:38 - Gnarls Barkley - Crazy
    15:41 - Matt Simons - We Can Do Better
    15:44 - Gurbe Douwstra - Gek Op Dy
    15:47 - Tasmin Archer - Sleeping Satelite
    15:51 - Culture Club - Do You Really Want To Hurt Me

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)