It breidspear hat de meast romantyske dei fan harren libben hân. Se ha ja sein. Mei in dikke tút. En de hiele famylje en harren freonen wiene derby. En wy ek fan Omrop Fryslân. Want wat wie it machtich moai he, de aksje trouwe foar ien dei. Ik fiel de romantyk hjir yn de studio noch hingjen!
Mar ik bin no ek benijd hoe't it mei Marjolein en Gjalt is. Dus belje wy fan 'e middei mei Marjolein om werom te sjen op de dei fan juster.
Mar noch in hichtepunt dizze middei, nammentlik de 10 kilometer op de Olympyske Spelen mei Jorrit Bergsma, Sven Kramer en Ted-Jan Bloemen.