De middei fan Fryslân fan 15 febrewaris 2016 13:00

Femke de Walle iepenet de moandeitemiddei mei skriuwer Hylke Speerstra. Koartlyn kaam Speerstra's nijste boek 'Op klompen troch de dessa' út. Ek dit boek waard yn in koart skoftke tiid in bestseller, lykas earder It Wrede Paradys en De Kâlde Krústocht. Yn it boek Op klompen troch de dessa lit Speerstra Ynjegongers fertelle oer harren tiid yn Ynje. Ek hat de Fryske skriuwer meiwurke oan it teaterstik De Feteranen. En hy hat noch folle mear plannen. Femke dûkt oan de hân fan ferskate muzyknûmers werom yn de eigen skiednis fan Hylke Speerstra.

Jan Folkert de Vries en Jan-Peter de Vries binne op dit stuit ûnderweis yn in âlde Audi nei Noard-Italië. Beide manlju út Bûtenpost dogge nammentlik mei oan The Barrel Challenge. It doel is om mei âlde barrels in spannende en noch ûnbekende rûte ôf te lizzen troch de winterske lânskippen fan Europa. Beide mannen binne hjoed start mei The Barrel Challenge en wy ha Jan Folkert de Vries oan de telefoan.

En wy ha wer kontakt mei in Fries om utens. Dit kear belje wy mei Amarens Matthiesen yn Kanada. Amarens is hikke en tein yn Kanada, mar praat ek Frysk om't har mem út Minnertsgea komt. Der is noch altyd in bysûndere baan tusken har en it heitelân fan har mem. Hoe't dat krekt sit? Wy freegje it Amarens sels krekt nei trije oere.

Skriuwer Hylke Speerstra te gast yn de studio

Jan Folkert de Vries docht mei oan The Barrel Challenge

Fries om utens Amarens Matthiesen yn Kanada

13:09 - Womack & Womack - Teardrops (Radio Mix)
13:15 - Duke - So In Love
13:26 - Anouk - Nobody's Wife
13:27 - Doe Maar - Sinds Een Dag Of Twee
13:34 - Ilse Delange - So Incredible
13:37 - Oasis - Wonderwall
13:46 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
13:50 - Babys - Everytime I Think Of You
14:05 - Love Affair - Everlasting Love
14:10 - Lisa Stansfield - All Around The World
14:23 - Adri De Boer - Thus
14:49 - Bauke Van Der Woude Kombo - Skoalle


15:05 - Vaya Con Dios - Nah Neh Nah
15:10 - Erasure - Sometimes
15:20 - X-Ambassadors - Renegades
15:23 - Grytz & Grize - Tuike Oan (Cd)
15:36 - Melanie - Lay Down
15:45 - Chicago - You're The Inspiration
15:49 - Hein Jaap Hilarides - Dobber
15:54 - Stef Bos - Papa
Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)