De middei fan Fryslân fan 14 maart 2016 13:00

Femke begjint de wike mei in bysûndere muzikale gast. Sjonger en muzikant Sander Metz komt nei de studio. Wy ha al meardere kearen mei him belle oer syn syktocht nei syn biologyske heit en mem. Dizze syktocht waard ek oppikt troch de Ingelske telefyzjestjoerder TLC. Sy wiene ferline jier yn Fryslân om Sander te folgjen yn syn aventoer om syn heit en mem te finen. Dizze wike is de premjêre fan de searje op telefyzje. In spannend momint!

Klaas Beeksma út Snits hat syn eigen kwartelaaikes fan de Albert Heijn útbret. Klaas hat meardere fûgeltsjes thús, dus doe't in kollega fertelde oer de kwartelaaikes by de supermerk, woe er dat sels wolris útteste. En yndied, 17 dagen neidat er de aaikes yn de briedmasine lei, krûpte it earste pykje hjoed út it aai. Der sitte noch 23 oare aaien yn, dus der komt fêst noch 'gezinsuitbreiding'. Mar hoe wurket soks krekt: in kwartelaaike útbriede?

Wy belje mei Marlinde Kraaijeveld. Marlinde wennet yn Kanada, mar is op dit stuit efkes yn Fryslân. Net foar fakânsje, mar om te trouwen. Ferline jier troude se al mei har reedrider Ted-Jan Bloemen, doe yn Kanada. Mar no sil it stel op 'e nij it ja-wurd jaan, mar dan yn Nederlân. Marlinde hat it der smoardrok mei, want sa'n trouwerij is mear wurk as dat se tocht hie!

Sander Metz wie te gast yn de studio

Klaas Beeksma hat syn eigen kwartelaaikes útbret

Marlinde Kraaijeveld sil wer trouwe

Lars Hoekstra fan de Online Redaksje

13:10 - Sniff 'n' The Tears - Driver's Seat
13:16 - Bee Gees - Paying The Price Of Love
13:27 - Ilse Delange - I'd Be Yours
13:40 - Green Day - Time Of Your Life
14:06 - Fats Domino - I'm Walkin'
14:10 - Tracy Chapman - Fast Car
14:23 - Toto - Pamela
14:26 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
14:36 - Of Monsters And Men - Little Talks
14:40 - Marit - Libbenstier
14:49 - Poco - Call It Love
14:53 - Lilly Wood & The Prick - Prayer In C


15:06 - Lenny Kravitz - It Ain't Over 'til It's Over
15:12 - Zz Top - Sharp Dressed Man
15:21 - Charlie Puth - One Call Away
15:24 - Ljoubjr De Band - Myn Eigen Wei
15:28 - Tom Petty - Learning To Fly
15:35 - Golden Earring - Long Blond Animal
15:44 - Owen Paul - My Favourite Waste Of Time
15:47 - Souldada - Epke Zonderland
15:54 - Bruno Mars - Marry You

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)