De middei fan Fryslân fan 14 febrewaris 2019 13:00

    Goeiemiddei, ik bin noch stil fan alle moaie radio-oantinkens fan juster fan de Wrâld Radio Dei, en sa rôlje we alwer in de folgjende bysûndere dei....it is hjoed nammentlik dûbel feest: hjoed stean wy stil by it feit dat it 40 jier ferlyn is dat Fryslân kompleet isolearre wie fan de wrâld troch dy 'beruchte' sniewinter. De hiele dei komme al de moaiste ferhalen binnen, wat sis ik de hiele wike al, ferhalen dy't ta de ferbylding sprekke...dy't ús wer efkes werom nimme nei dy tiid... en jimme meie fansels de ferhalen noch altyd trochappe, jim oantinkens, gefoelens alles wat te krijen hat mei dy bysûndere winter fan 1979. En it is Falentynsdei, dus ek in bysûndere dei want wy ha ek in prachtich moai leafdesferhaal....dat ek in linkje hat mei de sniewinter fan 79.

    En we ha ek noch Bauke Deelstra, kollega fan ús, live op lokaasje mei in moaie ferrassing foar in fan fan Omrop Fryslân, hy is noch mar 11 jier en ik tink dat hy de middei fan syn libben krijt. Daliks fertel ik hjir mear oer, want earst is hjir muzyk yn De middei fan Fryslân!

    Bauke Deelstra hat in ferrassing foar jonge Omropfan Hessel út Frentsjer

    Wy krije by Omrop Fryslân wol gau ris leuke appkes, tillefoantsjes, mails...mar ek post binnen..... en in skoftke lyn krigen wy in bysûndere brief. In brief fan Hessel út Frentsjer. Hessel hat ea ris in mûtse fan ús wûn en hy wie dêr sa'n fan fan dat hy eins wol wat in gruttere Omrop-kolleksje woe. Marja, hoe dochst dat dan? Want alle dagen meidwaan mei in spultsje....dat is hjir ek tsjin de regels. Dus betocht Hessel it idee fan in Omrop-sjop. En hy makke dêrby sels al in ûntwerp fan in trui dy't hy graach ha woe. Mar wy by de Omrop meitsje gjin truien en hielendal net foar de ferkeap... mar we binne de minste net en ha dêrom hiel wat oars betocht, want spesjaal foar Hessel ha wy in trui meitsje litten. Hielendal nei ûntwerp fan Hessel. Apart besteld yn de troch Hessel winske kleur en apart borduerje litten. It is in limited edition, der is mar ien eksimplaar makke.

    Jaap van der Wal oer syn bysûndere 1979 sniewinterferhaal

    13:07 - Starship - We Built This City
    13:11 - Acda En De Munnik - Ren Lenny Ren
    13:20 - Guy Sebastian - Before I Go
    13:24 - Swartbunt - It Sil Stoarmje
    13:35 - Rick Astley - She Makes Me
    13:38 - Aerosmith - Pink
    13:49 - Dua Lipa - Swan Song
    13:52 - Abel - Onderweg


    14:05 - Erasure - Sometimes
    14:08 - Bruno Mars - 24K Magik
    14:23 - Suzan & Freek - Als Het Avond Is
    14:35 - Panic At The Disco - High Hopes
    14:38 - Patti Smith - Because The Night
    14:44 - David Bowie - Let's Dance
    14:48 - Van Wieren - Dunsje
    14:54 - Scissor Sisters - I Don't Feel Like Dancin'


    15:04 - Clean Bandit Ft. Jess Glynne - Rather Be
    15:08 - Dire Straits - Walk Of Life
    15:17 - Hatchie - Sure
    15:20 - Alannah Myles - Black Velvet
    15:38 - David Guetta & Sia - Flames
    15:41 - Thijs Boontjes Dans- En Showorkest - Dansen Met Jou
    15:48 - Propaganda - Duel (Eye To Eye)
    15:53 - Bill Medley & Jennifer Warnes - (I've Had) The Time Of My Life

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)