De middei fan Fryslân fan 14 febrewaris 2018 13:00

Marjolein Zijlstra (25) en Gjalt Dijkstra (31) út Snits binne woansdei foar ien dei troud. Yn it ramt fan de Valentijnsdei-aksje fan de Omrop wie alles krekt as yn it echt. Dus nei de kapper, it passen fan in pak en jurk, troufoto's meitsje en fansels it útsykjen fan de ringen. En ek de bern, Naomi en Thomas, wienen moai oanklaaid. Omrop Fryslân folge de hiele dei.

Trouwe is in grutte dream fan Marjolein, al sûnt se in lyts famke wie. Se frege Gjalt al hieltyd, mar hy hapte noait ta. Se hawwe elkoar sân jier lyn hiel romantysk kennen leard: Gjalt stjoerde in bearke en in roas oer de post, op Valentijnsdei. Hy hie har foto op Hyves sjoen. Se hiene se elkoar noch nea moete, it wie fia in freondinne gien.

Under it nûmer fan 'Marry you' fan Bruno Mars brocht heit syn dochter Marjolein de studio binnen. Dêr stie de famylje al te wachtsjen. De seremoanje mei trouamnter Linda Veerman wie live op de radio, yn De middei fan Fryslân. "Sjoch elkoar oan en hâld elkoar de hân fêst." Tsjin Gjalt sei se: "Marjolein is dyn rots yn de branding, se soarget goed foar dy en dyn gesin en se is in leave mem. Do hast tasein datst wat romantysker wêze wolst."

Tsjin Marjolein sei se: "Gjalt is alles foar dy, hy makket dy hiel lokkich. Hy is in geweldige heit en freon." Nei it jawurd fan beide brocht Naomi de ringen. Nei de lokwinsken en de tút kamen der wat trientsjes. "Dit fielt hiel goed, in dream is útkommen," sei Marjolein. Gjalt joech earlik ta dat er it net dien hie as it wol echt west hie.

As ôfsluting hat it selskip noch in romantysk diner yn it Catshuis oan de Nijstêd yn Ljouwert.

Marjolein Zijlstra trouwe foar ien dei op Valentijnsdei 2018

  • Ferslachjouwer Bauke Deelstra is moarns betiid by it 'Omrop echtpear'
  • Repo Bauke live 1
  • Bauke live part 2 (pak passe)
  • It breidspear makket har klear, brêgeman Gjalt Dijkstra past syn pak

Linda Veerman seremonysprekker

  • Linda Veerman seremoanjesprekker

It JA-WURD!

  • De seremoanje ''trouwe foar ien dei''

13:06 - Mark Ronson Ft. Amy Whinehouse - Valerie
13:09 - Charlie Puth - How Long
13:15 - Doe Maar - Pa
13:20 - Johannes Rypma & Mirjam Timmer - Ik Wol Dy
13:24 - Rag'n Bone Man - Human
13:36 - Heart - All I Wanna Do Is Make Love To You
13:40 - U2 & Mary J. Blige - One
13:51 - Marco Borsato Ft. Nick & Simon - Vrienden
13:55 - Sam & Dave - Soulman
14:04 - Michael Mcdonald - Sweet Freedom
14:08 - Anne-Marie - Ciao Adios
14:14 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
14:16 - Rita Ora - Anywhere
14:20 - Billy Joel - The River Of Dreams
14:24 - Kelly Clarkson - Breakaway
14:35 - Alan Walker - All Falls Down
14:38 - Frank Boeijen Groep - Kronenburg Park
14:42 - Bruno Mars - Marry You
14:45 - Ed Sheeran - Perfect
14:53 - Snow Patrol - Just Say Yes


15:04 - Imagine Dragons - Thunder
15:07 - Charles & Eddie - Would I Lie To You
15:15 - Kt Tunstall - Suddenly I See
15:18 - De Dijk - Ik Kan Het Niet Alleen
15:23 - Niall Horan - Too Much To Ask
15:34 - Michael Buble - Haven't Met You Yet
15:38 - Kiki Dee - I've Got The Music In Me (Single Version)
15:41 - James Arthur - Naked
15:45 - Piter Wilkens - Bakker De Bakstien
15:48 - Moloko - Sing It Back
15:53 - Starship - Nothing's Gonna Stop Us Now
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)