De middei fan Fryslân fan 13 septimber 2017 13:00

    Goeiemiddei op dizze stoarmige woansdei 13 septimber! Slach de tekkens om dy hinne, pak in kop tee of sûkelademolke derby en krûp hearlik foar de radio, want der komt wer in prachtige De Middei fan Fryslân oan mei stoere brânwachtfroulju, in soad positive gedachten en sûkelade! Want it is hjoed net allinnich de dei fan it posityf tinken, mar ek de dei fan de sûkelade én de dei fan de pinda! No, hoe kinne wy dat no better fiere as mei sûkelade mei nútsjes? En litte wy dat hjir no krekt ha yn de studio.

    Pia Porsius oer de brânwachtfrouljuskalinder foar it brânwûnefûns

    • Pia Porsius oer de branwachtfrouljuskalinder foar it brânwûnefûns

    Wêr tinksto oan ast oan de brânwacht tinkst? Dan tinkst fêst oan poatige keardels mei brânwachtpakken oan. Mar der sitte ek gewoan kreaze, stoere en froulike froulju by de brânwacht! En dy steane harren mantsje like goed as de manlju. En Fryske brânwachtfroulju ha no in prachtige aksje betocht dêr't se ek noch jild mei ophelje foar it brânwûnefûns. Pia Porsius fertelt deroer.

    Bernard Maarsingh oer posityf tinke

    • Bernard Maarsingh

    It is hjoed de dei fan it posityf tinken! Mar posityf tinke is net foar elkenien like maklik. Guon minsken wurde der mei berne liket it wol en oaren kinne it hast net opbringe. Hoe kin dat no en wat binne trúkjes om positiver te tinken? Dat freget Femke oan psycholooch en spesjalist Positieve Psychologie Bernard Maarsingh, dy't hjir yn Ljouwert in praktyk hat.

    13:05 - Wham - Freedom
    13:10 - Ace Of Base - The Sign
    13:16 - Coldplay & Big Sean - Miracles (Someone Special)
    13:21 - Die Twa - Ik Bestean
    13:35 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
    13:39 - Deepend Ft. Graham Candy - Waiting For The Summer
    13:46 - Dexy's Midnight Runners - Come On Eileen
    13:49 - Fluitsma & Van Tijn - 15 Miljoen Mensen
    13:54 - Kygo & Selena Gomez - It Ain't Me


    14:05 - Golden Earring - Radar Love
    14:10 - Irene Cara - Fame
    14:18 - Calvin Harris - Feels
    14:22 - Marit - Libbenstier
    14:34 - Status Quo - Rockin' All Over The World
    14:37 - Pink - What About Us
    14:41 - Freiheit - Play It Cool
    14:46 - Wim Douma & De Welpen - Foto's
    14:50 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
    14:53 - Verve - Bitter Sweet Symphony


    15:04 - Maxi Priest - Close To You
    15:08 - Rita Ora - Your Song
    15:17 - Swartbunt - It Sil Stoarmje
    15:21 - Lumineers - Ho Hey
    15:23 - James Tw - Please Keep Loving Me
    15:36 - Gilbert O'sullivan - Get Down
    15:38 - Anne-Marie - Ciao Adios
    15:47 - Level 42 - Running In The Family
    15:51 - Guus Meeuwis - Proosten

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)