De middei fan Fryslân fan 12 jannewaris 2016 13:00

    Fan 'e middei ha we wer in Omrop Help. De Stienzer iisklup bestiet yn 2017 hûndert jier. En dat wurdt fierd fansels. Se binne dwaande mei it skiruwen fan in boekje oer de skiednis. Mar no sykje se noch nei it âldste reglemint dat yn 1922 printe is. Dat is no krekt net bewarre bleaun yn it argyf fan de klup. Durk Reitsma sil ús fertelle hoe't dat no krekt sit.

    De Fryske ferhalewedstriid krijt dit jier foar it earst in junioredysje. Anna Marije Bloem wurket by Cedin en sit dit jier foar it earst yn de organisaasje. Sy is sels ek dosinte Frysk oan it Bogermankolleezje. Se jout les oan de VMBO ôfdieling en it blykt dat dêr in protte talint sit. Om de bern noch waarmer te meitsjen foar it skriuwen sil skriuwster Lida Dijkstra gastlessen jaan op skoallen yn Koudum, Balk en Wommels. Anna Marije is tige optein dat de jongerein no ek mei dwaan kin oan de ferhalewedstriid.

    Teun Plantinga, sjonger en akteur, moat syn repetysjes foar de muzikal Hotel de Grote L efkes stake om't hy sûnensproblemen hat. We belje him efkes.

    Satu Ketellapper fan Wolvegea is freed 8 jannewaris World Champion Superstar Linedance wurden yn Nashville. Dit is it heechst helbere yn de wrâld fan linedancing. Satu is noch mar 23, mar dûnset al fan har 7e jier ôf. Foar it wedstriiddûnsjen reizget sy de hiele wrâld oer. Satu makket ek sels har eigen dûnsklean. Alles draait dus om it dûnsjen.
    Satu is op 29 desimber nei Amearika gien om te trainen en de wedstriid te dûnsjen. Justerjûn is se wer thúskaam en no komt se by ús om har ferhaal te fertellen.

    Anna Marije Bloem oer jongerein en de ferhalewedstriid

    • Anna Marije Bloem oer jongerein en de ferhalewedstriid

    Freon fan de show Theun Plantinga

    • Freon fan de show Theun Plantinga

    Wrâldkampioene Linedance Satu Ketellapper

    • Wrâldkampioene Linedance Satu Ketellapper

    Lars Hoekstra fan de online redaksje

    • Lars Hoekstra fan de online redaksje

    13:08 - Lionel Richie - Dancing On The Ceiling
    13:13 - Coldplay - Everglow
    13:23 - Adri De Boer - Foar Al Myn Maten
    13:26 - Rod Stewart - You're In My Heart
    13:34 - Jennifer Paige - Crush
    13:37 - Jonathan Jeremiah - Rosario
    13:46 - Guus Meeuwis - Tranen Gelachen
    13:49 - Robin Thicke (Ft. T.I. & Pharrell) - Blurred Lines
    14:03 - Beatles - Get Back
    14:08 - Abc - The Look Of Love
    14:20 - Roxette - The Look
    14:23 - Kensington - Done With It
    14:27 - Golden Earring - My Lips Are Sealed
    14:35 - Scissor Sisters - I Don't Feel Like Dancin'
    14:39 - Else & Albert - Wite Wrald
    14:48 - Chris Isaak - Blue Hotel
    14:51 - First Aid Kit - My Silver Lining


    15:03 - Moloko - Sing It Back
    15:08 - Billy Joel - Tell Her About It
    15:17 - Michael Jackson - Smooth Criminal
    15:19 - Kygo (Ft. Ella Henderson) - Here For You
    15:22 - Sake - Denk An Dy
    15:27 - Vaya Con Dios - What's A Woman
    15:33 - Barry White - You're The First, The Last, My Everything
    15:43 - Gloria Estefan - Anything For You
    15:52 - Rod Stewart - Sailing

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)