De middei fan Fryslân fan 11 oktober 2018 13:00

    Goeiemidje, dit is De middei fan Fryslân 

    Bysûndere flessepost

    Der wurdt in nij haadstik taheakke oan it flessepost-ferhaal fan Atze Boelens út groep 8 fan basisskoalle De Súdwester yn Snits. Hy fûn ferline wike in flesse mei in boadskip út Ingelân. En no nimt klasgenoatsje Jaden him mei nei Afrika. "Ik gooi hem in het water bij Swaziland!", fertelt hy hjir programma De Middei fan Fryslân. 

    Learling Atze Boelens út groep 8 fan basisskoalle De Súdwester yn Snits hat in bysûndere flessepost op it strân fan Skiermûntseach fûn. De skoalle wie dêr ferline wike op kamp, doe't Atze syn bysûndere fynst die. It gie om in flesse út Ingelân, mei in briefke deryn. Op dat briefke stiet it ferhaal fan de Ingelsman Henry Chrispopher Beaney, dy't op 23 augustus op 49-jierrige leeftyd ferstoar. Flak foar syn dea hie hy sein dat syn grutste winsk wie dat hy graach mear reizgje wolt hie. Doe't syn jiske yn de see struid waard, hat syn famylje de flesse mei it boadskip ek te wetter litten. Op dy wize woene se syn winsk symboalysk útkomme litte. De learlingen ha it brief op skoalle oerset en fia Facebook kontakt socht mei de famylje. Neffens learkrêft Jeroen de Vries binne der moaie kontakten mei de dochter fan Beaney út ûntstien. Hy neamt it de moaiste fynst ea dy't in learling dien hat.

    Nol Havens fan VOF de Kunst docht in oprop oan alle Suzanne's yn it lân

    Goed nijs foar elkenien dy't Suzanne hjit... of Susanne mei in s.... of Susanna... alles wat dêrop liket, op 4 novimber kinst dan .... út folle boarst meiblère by in FERGEES konsert fan VOF de kunst! Sjonger Nol Havens fertelt it yn De middei fan Fryslân. 

    13:05 - Jermaine Jackson & Pia Zadora - When The Rain Begins To Fall
    13:09 - Mumford & Sons - Little Lion Man
    13:19 - Tim Douwsma - It Wetter
    13:23 - Cardigans - Carnival
    13:36 - Melissa Etheridge - Like The Way I Do (Radio Version /Mp3)
    13:40 - Twenty One Pilots - My Blood
    13:50 - Jamie Cullum - Everlasting Love
    13:53 - James Brown - I Got You (I Feel Good)
    13:56 - Faith Hill - This Kiss
    14:06 - Prince - I Would Die For You
    14:09 - Omi - Cheerleader
    14:17 - Vof De Kunst - Suzanne
    14:21 - Scrum - Long Lost Friend
    14:24 - Sheppard - Coming Home
    14:36 - Revivalists - All My Friends
    14:39 - Garland Jeffreys - Matador
    14:45 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed
    14:50 - U2 - Pride
    14:54 - Zara Larsson - Lush Life


    15:04 - Wulf - All Things Under The Sun
    15:08 - Acda & De Munnik - Laat Me Slapen
    15:14 - Roosevelt - Losing Touch
    15:17 - De Dijk - Ik Kan Het Niet Alleen
    15:21 - Calvin Harris & Dua Lipa - One Kiss
    15:25 - Todd Rundgren - I Saw The Light
    15:34 - Counting Crows - Accidentally In Love
    15:37 - Gavin James - Glow
    15:41 - Robbie Williams - Strong
    15:45 - Jos Harteveld - Bist In Myn Hert
    15:50 - Peter Gabriel - Sledgehammer
    15:55 - Simon Webbe - No Worries

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)