De middei fan Fryslân fan 11 july 2016 13:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    De leukste bistenammen

    • De leukste bistenammen

    Max is sûnt fiif jier wer de meast populêre namme foar hûnen hjir yn Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan in soarchfersekerder fan bisten. By katten stiet Simba boppe-oan. Mar hoe sit dat hjir yn Fryslân? Rinne hjir ek Maxen en Simba's om of kieze wy foar Fryskere nammen lykas Bijke en Poeke? Wy freegje it oan bistedokter Nannie van Herwijnen.

    Jantine Weidenaar oer de EK-finale

    • Jantine Weidenaar oer de EK-finale

    Trije wike lang kaam kollega Jantine Weidenaar efkes lâns yn de studio om te fertellen oer it EK fuotbal. Har eigen favoryt Dútslân sneuvele yn de heale finale. Mar wat fûn se fan de finale juster? Wy belje wer efkes mei Jantine foar de allerlêste analyze.

    Marye Dijkstra yn Bolivia

    • Marye Dijkstra yn Bolivia

    Wy belje mei Marye Dijkstra yn Bolivia. Sy is yn april befallen fan har soantsje Kayo. En se hat it boppedat smoardrok mei in ynsammelingsaksje foar in trijeling dy't te betiid berne is. De mem is stoarn nei de befalling. In emosjoneel ferhaal. Wolsto dit projekt fan Marye stypje? Elk bedrach is wolkom op NL88RABO0341712884.

    Elske de Bruin yn Sambia

    • Elske de Bruin yn Sambia

    En wy ha kontakt mei Sambia. Dêr wennet Elske de Bruin sûnt koart mei har man en soantsje. Elske ferruile in oantal jier lyn Fryslân foar België. En dit jier waarden de koffers op 'e nij pakt en ferhuze it stel nei Sambia, dêr't har freon wurk hat. Mar hoe befalt it Elske dêr?

    Lars Hoekstra skoot oan yn de studio

    • Lars Hoekstra skoot oan yn de studio

    13:08 - Paul Simon - Graceland
    13:14 - Pink - Just Like Fire
    13:22 - Sytse Haima - Hald Dyn Hannen Thus
    13:26 - Los Manolos - All My Loving
    13:34 - Donna Summer - Last Dance
    13:37 - Justin Bieber - Company
    13:47 - Guus Meeuwis & Marco Borsato - Schouder Aan Schouder
    13:50 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
    13:55 - Pato Banton & Ub40 - Baby Come Back


    14:05 - Diana Ross & The Supremes - You Keep Me Hangin' On
    14:10 - Madonna - True Blue
    14:21 - Michael Buble - Everything
    14:22 - Dolly Parton - Jolene
    14:25 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
    14:28 - Omc - How Bizarre
    14:35 - Bob Sinclar - Love Generation
    14:38 - Krijn - Zo Is Het Leven
    14:50 - G'race - Manhattan
    14:53 - Alain Clark - Back In My World
    14:56 - Sister Sledge - He's The Greatest Dancer


    15:04 - Robert Palmer - I'll Be Your Baby Tonight
    15:10 - Zz Top - Legs
    15:14 - Kungs Vs. Cookin On 3 Burners - This Girl
    15:22 - Abba - Waterloo
    15:25 - Fleetwood Mac - Everywhere
    15:32 - Clean Bandit (Ft. Jess Glynne) - Rather Be
    15:43 - De Kast & Maaike Schuurmans - Paradys By It Dashboardljocht (Simmert)
    15:52 - Michel Telo - Ai Se Eu Te Pego

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)