De middei fan Fryslân fan 11 jannewaris 2016 13:00

Us muzikale gast fan 'e middei is Iris Kroes. Yn 2012 wûn de sjongeres út Drachten de twadde edysje fan The Voice of Holland en waard se yn ien klap bekend. Yntusken is se útgroeid ta in sjongeres dy't troch hiel Nederlân reizget om op te treden. Mei har harp en prachtige stim is se in graach sjoene gast by ferskate konserten. Boppedat is Iris 'Cruise' guest entertainer oan board fan it cruiseskip de MS Rotterdam en is se ambassadeur foar Kulturele Haadstêd 2018.

Finster op Fryslân is in online platfoarm mei as ynhâldlike reade tried de tema’s en projekten fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. It is in gearwurking fan Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante, Friesch Deiblêd en GPTV. Se meitsje artikels mei foto’s, portretsjes fan minsken en filmkes oer Fryslân yn oanrin nei 2018.
Finster op Fryslân is dwaande mei de fraach “Hoe iepen is de Fries?” Hjirfoar ha se gjin Hollanners frege want dy hawwe allegear al foaroardielen, mar bûtenlanners dy’t al in skoftke yn Fryslân wenje. Dit smyt moaie portretsjes en reaksjes op. 
Sjoch ek op Finster op Fryslân
Ek sykje se noch bûtenlanners dy’t al in skoft yn Fryslân wenje en dy’t hjir wol oan meiwurkje wolle. Sjoch hjirfoar op harren webside www.finsteropfryslan.nl.

Boukje Fokkema komt nei de studio. Sy krige in skoft lyn de Koer fan Fryslân. Boukje is ferpleechkundige en giet as frijwilliger ynkoarten foar twa jier nei Sibearië. Se set har dêr belangeleas yn om bern yn weeshuzen in goeie tiid te jaan. Se wurde dêr oan harren lot oerlevere. It is dus hurd nedich dat der frijwilligers har bekommerje om dizze bern. Is se al klear foar dizze spannende reis?

Wendy Kennedy oer it Finster op Fryslân

Boukje Fokkema giet nei Sibearië om weesbern te helpen

Lars Hoekstra fan de online redaksje

13:08 - Inner Circle - Games People Play
13:13 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality


14:03 - Foundations - Build Me Up Buttercup
14:08 - Simple Minds - Don't You Forget About Me
14:32 - Kurt Nilsen - She's So High
14:36 - Aldjiersploech Marsum + Van Wieren - Marsum Ahoy
14:45 - Diesel - Sausolito Summernight
14:50 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
14:54 - Capital Cities - Safe And Sound


15:03 - Corrs - Love To Love You
15:08 - Eurythmics - When Tomorrow Comes
15:19 - Racoon - Fun We Had
15:23 - Piter Wilkens & Femke Hoeksma - Ien Pak Rein (Fsg-2015)
15:26 - Golden Earring - Je Regrette
15:33 - Dizzy Man's Band - The Show
15:41 - Blondie - Call Me
15:44 - Nick & Simon - Hoe Lang?
15:53 - Skik - Op Fietse

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)