De middei fan Fryslân fan 10 desimber 2019 13:00

    Goeiemiddei, dit is De middei fan Fryslân fan tiisdei 10 desimber.

    Hjoed hawwe wy wer in soad muzyk yn de sjo en wy stean ek efkes stil by it ferstjerren fan Roxette-sjongeres Marie Frederiksson. Hjirûnder kinst de petearen út de sjo werom harkje. Wolst de folsleine útstjoering lústerje? Dan kin hjir boppe!

    Wy belje mei ús Songfestival-ekspert

    Wy hawwe Songfestival-ekspert fan de sjo Wouter Jongstra oan de telefoan.

    Krystbeamme-aksje

    Geert van Tuinen dielt ek hjoed wer krystbeammen út. Wy binne op besite by in 'jarige Jet'.

    Krystbeam op it stedhûs fan Boalsert

    Wy belje mei kraanmasjinist fan de sjo Reitze Woudstra dy't de krystbeam it stedhûs op takele hat.

    De menút fan Reitse: Rollade

    Sa mei de feestdagen krije de measte minsken in rollade of se keapje der ien by de slachter. Mar dan... hoe krije je no in sêfte rollade en net sa'n drûch skarminkel? It giet sa: Allerearst de rollade in oere fan te foaren út de kuolkast helje. Set in grutte briedpanne op it fjoer en doch der in heal pakje bûter yn en lit it sûntsjes útbrûzje! Meitsje de rollade drûch mei keukenpapier en lis de rollade yn de panne. Doch it deksel heal op de panne en lit de rollade briede. Om de 10 minuten fet oer de rollade skeppe dan wurdt it net drûch. Rekkenje mar 25 minuten per pûn. Dan de rollade derút helje en yn sa'n 25 minuten rêste litte yn aluminiumfoly. De rollade snije yn plakken, noch efkes 3 minuten yn in oven fan 180 graden, skepke sju der oer en... trouwens...kâld is ek lekker mei mosterd foar by de buorrel! Oant moarn! Lekker ite!

     

    13:05 - Boy George - Everything I Own
    13:12 - Nelly Furtado - Powerless (Say What You Want)
    13:15 - Dominic Fike - 3 Nights
    13:19 - Weima & Van Der Werf - Jaloersk Op Myn Broers
    13:23 - John Legend & Stevie Wonder - What Christmas Means To Me
    13:26 - Wulf - All Things Under The Sun
    13:35 - Abba - Gimme! Gimme! Gimme!
    13:40 - Simply Red - Sweet Child
    13:50 - Roxette - Listen To Your Heart
    13:56 - Miss Montreal - Een Stap Terug


    14:04 - Dan Hartman - I Can Dream About You [Single Version]
    14:08 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
    14:21 - Bluebirds - Take You Home
    14:23 - Darkness - Christmas Time (Don't Let The Bells End)
    14:34 - Niall Horan - Nice To Meet Ya
    14:37 - Boys Town Gang - Can't Take My Eyes Off Of You
    14:46 - Bing Crosby - White Christmas
    14:49 - Van Wieren - Kald Fjoer
    14:54 - Rasmus - In The Shadows


    15:03 - Melanie C - On The Horizon
    15:07 - Chesney Hawkes - The One And Only
    15:16 - Veldhuis & Kemper - Bijzonder
    15:19 - Fay Lovsky - Christmas Was A Friend Of Mine
    15:24 - Marco Borsato & Davina Michelle - Hoe Het Danst
    15:34 - Fais - Know You Better
    15:38 - Golden Earring - Say When
    15:45 - Kelly Clarkson - Underneath The Tree
    15:48 - Sipke De Boer - Te Let
    15:52 - Danny Vera - Roller Coaster

    Eric Ennema en Diana de Groot

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it sit allegear yn De middei fan Fryslân.
    (advertinsje)