De middei fan Fryslân fan 1 septimber 2017 13:00

    Wy belje fansels fan 'e middei wer mei in harker of in fakânsjegonger, wat hasto by de ein? Lit it ús witte!
    Hjoed is de camper yn Harns mei Lennie en Andor, sy sille ús meinimme nei de Fiskerijdagen!

    En wy hawwe nijs! De Fryske bands Vangrail, De Kast en Elske DeWall trede kommend jier op yn AFAS Live. Dat hat de band Vangrail juster bekend makke op it Glemmer Beach Festival. Op sneon 6 jannewaris steane meardere Fryske artysten op it poadium fan de grutte konsertseal. It konsert hat de namme 'Fryske jûn' krigen. Neist Vangrail, De Kast en Elske DeWall sille ek Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en Johannes Rypma in optreden fersoargje.

    Gerben Willem Tuinstra oer de wynhoas

    Simon bij de Leij oer syn ballonfeart

    Ronald van der Pol fan de online redaksje

    Mei hjoed: Hoe tinkt Fryslân oer hûnen op de fearboat en de Fryske ferzje fan de trend fan hjoed: #VerpestEenBoekMetEenLetter

    Eric Ennema en Diana de Groot

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it sit allegear yn De middei fan Fryslân.
    (Advertinsje)