De middei fan Fryslân fan 1 febrewaris 2016 13:00

    Femke hat hjoed Rendert Algra te gast yn it programma. De ôfrûne wiken wie it ljipaaisykjen folop yn it nijs en die Rendert Algra út namme fan it BFVW it wurd. Mar dizze fanatike natoerleafhawwer hat noch folle mear saken, dêr’t er him foar ynset. Femke dûkt mei him werom yn it ferline oan de hân fan trije bysûndere platen.

    En wy ha wer efkes kontakt mei Gepke Poortinga yn Sydney. Yn septimber ferline jier hiene wy ek alris kontakt mei Gepke. Doe siet se op it eilân Bathusrt yn Australië. Dêr wie se au pair yn in Aboriginal-community. Yntusken is se yn Sydney en sit har reis troch Australië der hast op. Oer in pear dagen giet se werom nei Nederlân. Dus wy kinne no moai weromsjen op har reis.

    Freon fan de show is Raynaud Ritsma fan Vangrail. Hy jout fergees kaarten fuort foar syn show kommende freed 5 febrewaris yn De Harmonie yn Ljouwert. Witte hoest dizze kaarten winne kinst? Harkje dan moarn, woansdei en tongersdei wer nei De middei fan Fryslân. Hearst tusken 13.00 en 16.00 oere in plaatsje fan Vangrail, belje dan mei 058 212 36 18.

    Rendert Algra wie te gast yn de studio

    • Rendert Algra wie te gast yn de studio

    Freon fan de show Raynaud Ritsma jout kaarten fuort

    • Freon fan de show Raynaud Ritsma jout kaarten fuort

    Gepke Poortinga is yn Sydney

    • Gepke Poortinga is yn Sydney

    13:09 - Four Tops - Loco In Acapulco
    13:15 - Sting - If I Ever Lose My Faith In You
    13:40 - Wiko's - Haadstel Oan'e Muorre
    13:51 - Anneke Douma & Pieter Van Der Bij - Berltsum
    14:05 - Tom Jones - Help Yourself
    14:10 - Spargo - You And Me
    14:25 - Anouk - Birds
    14:32 - Leaf - Wonderwoman
    14:35 - Mariusz & De Muzikanten - De Frije Frou
    14:44 - Vangrail - Libben Nei De Leafde
    14:48 - Richard Marx - Satisfied
    14:52 - Kenny B - Parijs


    15:05 - Right Said Fred - Don't Talk Just Kiss
    15:09 - Simply Red - Money's Too Tight
    15:19 - Coldplay - Everglow
    15:23 - Adri De Boer - Foar Al Myn Maten
    15:33 - Queen - Crazy Little Thing Called Love
    15:52 - Phil Collins - Wear My Hat
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)