De maitiidsswalker fan 31 maaie 2021 17:15

Yn de fjirde ôflevering fan De Maitiidsswalker binne wy te gast by Staatsbosbeheer yn Súdeast-Fryslân wêrmei't wy oan de rânen fan it Keningsdjip en de Bakkefeanster dunen op syk gean nei maitiidsmerakels. En dat falt noch net ta as de rein mei bakken nei ûnderen komt!

Wat yn dizze ôflevering benammen opfalt, is it grutte ferskaat oan natuerterreinen yn it Weinterper Skar. Wiete heide, blaugerslân, healantsjes en bosk; je komme it der allegearre tsjin. It is ek in natuerterrein dat it foar in grut part ha moat fan earme, mineraalrike grûn en dat is ek goed te sjen oan de blommen en krûden dy't je der fine. Mei boskwachter Manon van Wesel sykje wy in oantal op.

De maitiidsswalker

Yn dizze searje giet Remco de Vries op ûndersyk út nei de maitiidsmerakels fan Fryslân
(Advertinsje)