De maitiidsswalker fan 17 maaie 2021 17:15

Fean- en sompegebieten hearre by Fryslân. Sy binne ek in finster op it ferline doe't noch grutte parten fan Fryslân in stik wieter wienen as no. Noch foardat in djippe ûntwettering in soad feangebieten geskikter makken foar de hjoeddeistige lânbou waarden de meast sompige gebieten ek al brûkt as bygelyks healân of om turf te winnen. Yn de twadde ôflevering fan it Omrop Fryslân natuerprogramma stiet ien sa'n gebiet sintraal; it Bûtefjild net fier fan Hurdegaryp en Mûnein.
Mei Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea sjogge wy yn gebieten dêr't je gewoanwei allinnich op ekskurzjes komme kinne, lykas it Ottema-Wiersma reservaat, mar ek yn de Sippen-finnen dêr't boer Yde Wierda fan Damwâld in part fan syn kij omrinnen hat.

De maitiidsswalker

Yn dizze searje giet Remco de Vries op ûndersyk út nei de maitiidsmerakels fan Fryslân
(Advertinsje)