De keunst fan fotograaf Ton Aartsen libbet troch

De keunst fan heit beheare en fuortsette. Dat is de bedoeling fan Flore en Aagje Aartsen, dochters fan keunstner en fotograaf Ton Aartsen. In pear jier lyn is hy troffen troch de sykte ALS. Mei syn trijen binne se begûn keunst te meitsjen, dêr't ek it ferwurkjen fan de sykte fan heit bot yn sit.
De tentoanstelling 'Levenscyclus' is yn jannewaris 2019 iepene. Ton wie dêr by. Op 8 maart is hy ferstoarn.
In pear wike foar syn dea praten wy mei it gesin Aartsen. Sy fertelden wat dizze tiid mei elkoar, foar de famylje en foar elts ôfsûnderlik, betsjutten hat. In petear mei Ton Aartsen, syn frou Ank, en de beide dochters Aagje en Flore.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)