De Keet fan 18 augustus 2014 18:30

[Werhelling] Oflevering 1: In minne dei

De earste ôflevering fan De Keet: Diede en syn bêste freon Johan libje der ûnbekommere op los. Diedes mem Lies fiert wat yn har skyld mei in kampearbus. Plysjeman Pieter wrakselet dermei dat syn dochter en pakesizzers by him yn ‘e hûs kaam binne te wenjen. In heftich ûngelok kin wolris de ein fan Diedes soargeleaze libben betsjutte.

Diel dit berjocht op:
De Keet, alle wurkdagen nei Hea!

De Keet

`De Keet` de dramarige fan Omrop Fryslân. De searje is ûntwikkele troch Family Affair Films yn gearwurking mei Omrop Fryslân en teaterselskip Tryater. De rezjy is yn hannen fan Mirjam de With.
(advertinsje)