De iepening fan it Provinsjehûs troch Keninginne Beatrix

Yn de útstjoering op televyzje binne fansels de ûntfangst fan de Keninginne en de offisjele iepeningshanneling te sjen. Ek de koarsang fan in grut koar fan 2040 sjongers is live te folgjen. It koar sil optrede mei Syb van der Ploeg en syn band. Fierders binne der bylden te sjen fan de bysûndere oankomst fan de sjongers, wurde ynterviews dien troch presintatrise Miranda Werkman mei ferskate gasten en binne der eftergrûnreportaazjes oer ûnder oaren de histoarje fan it Provinsjehûs en de nijbou. Presintator Eric Ennema fersoarget it kommentaar by de útstjoering en dat docht er net allinne; Keningshûskenner en boargemaster Bearn Bilker sil him dêrby helpe. Op de dei moat in tradysje ûntstean. Tenei moat der alle jierren, oant en mei 2040, in saneamde 'rede fan Fryslân' útsprutsen wurde oer Fryslân yn 2040. Direkteur Coen Teulings fan it Sintraal Planburo docht dat as earste, folge troch in muzikale bydrage fan sjonger Gerrit Breteler en de brassband en it koar fan de Wâldsang. De rede, dy't bywenne wurdt troch Keninginne Beatrix, is ek live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl.

Share this page on:

Iepening Provinsjehûs

Keninginne Beatrix sil op tiisdei 22 maaie it nije Provinsjehûs offisjeel iepenje. De minsken thús kinne de iepening rjochtstreeks meibelibje, want Omrop Fryslân is der by mei televyzje, radio en op ynternet. Yn gearwurking mei de Provinsje stjoert de Omrop fan 14:45 oere ôf it programma om de iepening hinne live út op televyzje en Omroplive.nl.
(advertinsje)