De Fûke fan 7 maart 2015 18:20

Omrop Fryslân sil op sneon 7 maart de spylfilm 'De Fûke' fan Steven de Jong útstjoere. De omrop docht dat út respekt foar akteur Rense Westra, dy't sneontemiddei te hôf brocht wurdt.

'De Fûke' is in Fryske oarlochsfilm út it jier 2000 nei it boek mei deselde titel fan Rink van der Velde. Steven de Jong en Rink van der Velde skreaune tegearre it senario foar de film. Rense Westra spile de haadrol en rekkene dy sels ta ien fan syn bêste rollen. 'De Fûke' is te sjen om 18.20, 20.20, 22.20 oere en fierder de jûn en nacht yn om de twa oeren.

Diel dit berjocht op:
Rense Westra yn De Fûke

De Fûke

Omrop Fryslân stjoerd op sneon 7 maart de spylfilm 'De Fûke' fan Steven de Jong út. De omrop docht dit as earbetoan oan akteur Rense Westra, dy't sneon te hôf brocht wurdt.
(advertinsje)