De berchrede fan it flakke lân: Theunis Piersma

Yn de podcast 'De berchrede fan it flakke lân' freget Bart Kingma oan wittenskippers en oare tinkers: Hoe moat de wrâld nei de coronakrisis derút sjen? Yn diel 4 biolooch Theunis Piersma. Hy wol graach dat kuierpaden yn it boerelân wer frij tagonklik wurde. Ynspirearre troch de 'public foodpaths' fan de Britten, it 'allemansrecht' fan 'e Sweden, en it Beerda-kuierpaad troch de greiden fan de Ruterpolder by Drylts.Theunis Piersma: 'Dêr't it boerelân wolkom en freonlik is, sûne romte jout oan minsken en oar libben, dêr't wy ússels ferbine mei natuer, mei de grûn, de ierde. In boerelân dêr't wy mei in gerêst hert djip sykhelje kinne (en dat in prima alternatyf is foar bûtenlânske fakânsjes). Witte jimme it noch, dy treast fan de natuer, it gelok fan it ien wêzen mei lûden, kleuren en geuren? En wolle we gjin romte foar frijende steltsjes yn heal-meter-heech-gers-mei-blommen?'

Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân

Ferhalen dy’t derta dogge, dy’t oansette ta neitinken én ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.
(advertinsje)