De Achlum Lêzing

De Achlum Lêzing fan generaal bûten tsjinst Peter van Umh is freedtemiddei 17 april live te folgjen fia Omrop Fryslân Televyzje en op www.omroplive.nl. De lêzing giet oer solidariteit yn de Nederlânske mienskip.

De Achlum Lêzing is in inisjatyf fan ferserkerder Achmea en is neamd nei it doarp dêr’t it bedriuw goed 200 jier ferlyn oprjochte waard. De lêzing komt út de tsjerke fan Achlum wei. Sprekker Peter van Umh wie fan 2008 oant 2012 Commandant der Strijdkrachten, de heechste militêr fan de Nederlânske kriichsmacht. Sjoernalist Kustaw Bessems fan de Volkskrant jout in reaksje op de lêzing fan Van Uhm. De presintaasje is yn hannen fan presintatrise Sofie van den Enk.

De Achlum Lêzing is op 17 april fan 12.00 oant 13.10 oere te folgjen op televyzje en ynternet en dêrnei giet de útstjoering noch oant ûngefear 13.45 oere troch op ynternet. Mear ynformaasje oer de lêzing is te finen op www.evenementenbijachmea.nl/achlumlezingonline.

Share this page on:

Omroplive.nl

Omroplive.nl is it temakanaal fan Omrop Fryslân op ynternet. Op www.omroplive.nl kinne je altiten live nei Omrop Fryslân tv sjen. Dêrnjonken biede wy op dit temakanaal ek geregeld oare saken oan.
(advertinsje)