DBOsjo, wike 10 2013 (w)

Yn de foarige ôflevering wie de DBOsjo op besite by Foeke út Jutryp. Dêr wie te sjen dat efter elke sterke man op syn minst sa’n sterke frou stiet. Yn dit gefal is dat Melissa. Ek Melissa is de grutske eigener fan in gestylde auto, wêrmei’t sy graach in Doelleas Blokje Om giet.

De stoere Melissa docht net ûnder yn de manljuswrâld fan de autostyling. Krekt as Foeke hâldt Mellisa har dwaande mei auto’s. Neist de styling fan har eigen auto, docht sy in oplieding ta autospuiter. Yn har frije tiid giet sy graach de striid oan mei Foeke yn ferskate racespultsjes. De presintatrise makket tegearre mei dizze stoere frou in DBO’tje troch Snits en omkriten.

Melissa makket ek kâns om de winner te wurden fan de DBOsjo 2013. Fia facebook kinne de sjoggers stimme op de leukste, orizjineelste of moaiste auto.

Dizze rige is earder útstjoerd yn febrewaris en maart fan dit jier.

Diel dit berjocht op:
DBOsjo

DBOsjo

Omrop Fryslân komt, yn gearwurking mei studinten fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert, mei in nij televyzjeprogramma. De DBOsjo is in programma oer Friezen en harren bysûndere auto's. Yn elke ôflevering fan de DBOsjo fertelt in grutske autobesitter oer de passy foar syn of har auto. Hoe is dy leafde ûntstien en hoefier giet dy leafde? Giet it om snelheid, of om it ‘sjen en sjoen wurde’? By it blokje om wurdt de auto wiidweidich besjoen, de technyske snufkes wurde bepraat en wy freegje nei reaksjes út de omjouwing fan de autobesitter.
(advertinsje)