DBOsjo fan 20 febrewaris 2013

Bar-auto’ út Warkum sintraal yn DBOsjo

Yn dizze earste ôflevering fan de DBOsjo is wol in hiel bysûndere auto te sjen. Lars út Warkum showt syn saneamde ‘bar-auto’, in auto gearstald út twa auto’s. Wêr’t de auto syn namme oan te tankjen hat, is fan 18 oant en mei 21 febrewaris te sjen op Omrop Fryslân.

De handige Lars hat syn auto sels makke. Op syn reis troch Ingelân hat er in bysûnder sûvenir op ‘e kop tikke. Neidat Lars alle spesifikaasjes fan syn bar-auto út de doeken dien hat, giet er tegearre mei de presintatrise op ‘en paad foar in DBO’tje (Doelleas Blokje Om). Wy leare Lars better kennen mei it DBO’tje.

Tagelyk makket Lars kâns om de winner te wurden fan de DBOsjo 2013. Fia Social Media kinne de sjoggers stimme op de leukste, orizjineelste of moaiste auto.
www.facebook.com/DBOSjo
folgje ús op www.twitter.com/DBOsjo

Share this page on:
DBOsjo

DBOsjo

Omrop Fryslân komt, yn gearwurking mei studinten fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert, mei in nij televyzjeprogramma. De DBOsjo is in programma oer Friezen en harren bysûndere auto's. Yn elke ôflevering fan de DBOsjo fertelt in grutske autobesitter oer de passy foar syn of har auto. Hoe is dy leafde ûntstien en hoefier giet dy leafde? Giet it om snelheid, of om it ‘sjen en sjoen wurde’? By it blokje om wurdt de auto wiidweidich besjoen, de technyske snufkes wurde bepraat en wy freegje nei reaksjes út de omjouwing fan de autobesitter.
(advertinsje)