We knalle wer lekker de nije wurkwike yn: ik iepenje Casa Ennema eltse dei mei in track fan de debuet-LP fan Kobus Gaat Naar Appelscha, "Leave This World..." út 1985. Fierder komme Jan Tekstra, Janice en PYN foarbij, en dan ha ik it noch net iens oer Kanipchen-Fit en de New Killer Stars, ek fan harren lit ik muzyk hearre.