Casa Ennema fan 7 novimber 2018 19:00

    Fryske bands -mar yn oare provinsjes sil dat net oars wêze- ha in protte aardichheid oan it coverjen fan bekende nûmmers. Jûn yn Casa Ennema lit ik in tal moaie foarbylden hearre: "Factory Girl" (Rolling Stones), Caledonia (in bluesklassiker) en "I Pity the Poor Immigrant" (Bob Dylan, mar dan yn it Frysk). Ast witte wolst wa't dizze covers spylje, en foaral HOE, dan moast toch echt Casa Ennema oansette. Fierder fansels wer in nûmmer fan de CD "Are Friends Tolerant" út 1998 fan it Ljouwerter trio Intolerant.

    Eric Ennema

    Casa Ennema

    Casa Ennema: fol muzyk fan Fryske boaiem. It poadium foar Fryske artysten en talint.
    Presintaasje: 
    Eric Ennema
    (advertinsje)