Casa Ennema fan 29 maaie 2019 19:00

    De tiid hâldt gjin skoft, sa wie Casa Ennema in nije titel op de betide jûn by Omrop Fryslân, en sa binne we in jier en rûchwei 250 útstjoerings fierder. En dat fiere we! Fannejûn, mei mar leafst twa optredens. Singer-songwriter EGBERT VAN DER WERFF, better bekend as leadsjonger fan William Seen's Transport Music, sil mei in koart solo-optreden in spits ôfbite. Dêrnei is it tiid foar SEEWOLF. Dizze nije Fryske band makke yndruk mei har debuet-EP "Moonwater", sfearfolle gitaarmuzyk, ynspireard troch de wyn en de romte fan It Bilt. 

    Eric Ennema

    Casa Ennema

    Casa Ennema: fol muzyk fan Fryske boaiem. It poadium foar Fryske artysten en talint.
    Presintaasje: 
    Eric Ennema
    (advertinsje)