Casa Ennema fan 27 novimber 2018 19:00

    Yn Casa Ennema jûn wer in nûmmer fan de "fergetten" LP "Cave Cum Annexis", de sammelplaat mei bands dy't yn de jierren tachtich -fan de foarige ieuw- repetearden yn It Koartling yn Bûtenpost. Ien fan dy bands wie in noch pypjonge Strawelte, hoe't sy doe klonken hearst jûn. Fierder muzyk fan Sake, Janice en in band dy't fanút Ljouwert stevich oan de dyk timmert: The Crooked.

    Eric Ennema

    Casa Ennema

    Casa Ennema: fol muzyk fan Fryske boaiem. It poadium foar Fryske artysten en talint.
    Presintaasje: 
    Eric Ennema
    (advertinsje)