Dat der yn Fryslân oer de folle breedte muzyk makke wurdt, is alle jûnen te hearren yn Casa Ennema. En dat is ek jûn wer it gefal: Frysktalige rap fan Beand Baas en Smarige Skep, ferstilde folk fan Linde Nijland, en simmerske pop fan Pyn. Ekstra leuk is de live-útfiering fan it Serenes-nûmmer "Abiding Place", spile troch Williams Seen's Transport Music mei sjonger Jacco de Greeuw fan de band Johan.