Casa Ennema fan 20 desimber 2018 19:00

    Jûn it fjirde en lêste live-optreden yn Casa Ennema fan dizze wike. Foar wa't it mist hat: moandei spile Xigatze live yn it programma, tiisdei "one man band" Zea, woansdei wienen Jan Folmer en Robby Zuidema oan bar (se moatte noch in bandnamme betinke), en jûn dus it slotstik: It Dockumer Lokaeltsje! En it is net samar in optreden, Peter, Fritz en Sietse spylje har eigen, Frysktalige fersy fan Alles Ist Gut, in LP út 1981 fan DAF (Deutsch Amerikanische Freundschaft). Dat ha se mar ien kear earder dien, op it Explore the North-festival, ein novimber yn Ljouwert, dus wa't dat doe mist hat, dy kin jûn syn kâns gripe.

    19:04 - Thomas Azier - Babylon
    19:08 - Tess - Scary World
    19:28 - Bridges2One - Don't Be Gone
    19:32 - Weima & Van Der Werf - Gean Mei
    19:51 - Rauzer - De Ballen
    19:54 - Janice - Song For You
    Eric Ennema

    Casa Ennema

    Casa Ennema: fol muzyk fan Fryske boaiem. It poadium foar Fryske artysten en talint.
    Presintaasje: 
    Eric Ennema
    (advertinsje)