Casa Ennema fan 15 novimber 2018 19:00

    De Blauwe Fedde is net allinnich de namme fan in kwasi-literêr blêdsje dat Meindert Talma en Nynk de Vries oait hienen, it is ek de Fryske (bij-)namme foar de dea. Ik wist it net, mar -neist de niisneamde mannen- twa Fryske bands wòl. Se ha beide in nûmmer mei de titel Blauwe Fedde, en ik draai se beide, en se binne beide hurd & rûch: Jarretank en Fan Batsum. Ek oare muzyk yn Casa Ennema, ik lit The BlueBirds hearre, en ek Sake en Piter Wilkens. En fansels draai ik wer in nûmmer fan de CD "Cleaning Windows" fan Ljouwerter Melvin van Eldik.

    Eric Ennema

    Casa Ennema

    Casa Ennema: fol muzyk fan Fryske boaiem. It poadium foar Fryske artysten en talint.
    Presintaasje: 
    Eric Ennema
    (advertinsje)