Casa Ennema fan 13 septimber 2018 19:00

    Earlik is earlik. Net alle muzyk dy't makke is yn de tiid fan de Friese Bries (healwei de jierren tachtich, sis mar) hat de "tand des tijds" trochstien. Ik tink dat de muzikanten fan dy tiid dat ek wol tajaan sille -en de fans fan doe faaks ek. Dat hindert op himsels neat, sjarmant rammeljend nûmmers, opnommen mei de technyk dy't doe beskikber èn te beteljen wie, sa gie dat. In band wêrfan't de muzyk noch altyd muoiteleas oerein bliuwt, draai ik fannejûn, yn Casa Ennema. Fierder fansels wer in track fan de CD dy't neffens my ten ûnrjochte fergetten is, "The Alison Album" fan Monstertux, twa Fryske topsjongeressen (Iris Kroes en Elske DeWall),èn in stikje muzikale dwersichheid fan It Dockumer Lokaeltsje

    Eric Ennema

    Casa Ennema

    Casa Ennema: fol muzyk fan Fryske boaiem. It poadium foar Fryske artysten en talint.
    Presintaasje: 
    Eric Ennema
    (advertinsje)