Casa Ennema fan 13 novimber 2018 19:00

    Relaasjes, oft se no goed geane of net, binne en bliuwe in boarne fan inspiraasje yn de rock 'n roll. Jûn yn Casa Ennema trije trûbadours dy't oer sokke saken sjonge. Fierder in primeur: de nije single fan de Fryske band Fools and Pretenders, fansels wer in track fan de "fergetten" CD "Cleaning Windows" fan Melvin van Eldik èn ik draai in nûmmer dat wat te krijen hat mei in moardzjende kompjûter út in SF-film út de sixties. Benijd? Casa Ennema is der om 19 en 24 oere op de radio!

    Eric Ennema

    Casa Ennema

    Casa Ennema: fol muzyk fan Fryske boaiem. It poadium foar Fryske artysten en talint.
    Presintaasje: 
    Eric Ennema
    (advertinsje)