Casa Ennema fan 11 july 2018 19:00

Ik ha wer in eklektyske muzykmiks yn petto -om it sa mar 's te sizzen. Mar it is wol wier: fan in harksankje fan Sido Martens fia upbeat pop fan Tjeerd Abma en rock 'n'roll fan Highway 54 nei hiphop fan Grootmeester Jan. En fansels wer in klassiker fan Kobus Gaat Naar Appelscha, ik iepenje Casa Ennema de hiele wike mei in nûmmer fan harren debuetplaat Leave This World út 1985.

Eric Ennema

Casa Ennema

Casa Ennema: fol muzyk fan Fryske boaiem. It poadium foar Fryske artysten en talint.
Presintaasje: 
Eric Ennema
(advertinsje)