Cambuur Sjoernaal fan 5 oktober 2019 18:40

It publyk stie freedtejûn op de banken by de 4-0 oerwinning fan SC Cambuur op Excelsior. It smiet de Ljouwerters dan wol gjin perioade op, om't konkurrint NAC Breda wûn, mar dochs waard it in moaie jûn foar de ploech fan trainer Henk de Jong. Benammen de earste helte wie fan in heech nivo. Dat en mear yn in nij Cambuur Sjoernaal.

Cambuur Sjoernaal

Yn dit sjoernaal sjogge we in dei nei de wedstriid fan SC Cambuur yn de Keuken Kampioen Divisie werom op de wedstriid. Mei in lange gearfetting, reaksjes fan de haadrolspilers en it lêste nijs
(advertinsje)