Cambuur Sjoernaal fan 31 oktober 2020 18:15

SC Cambuur sit yn 'e koker as der lotte wurdt foar de twadde ronde fan de KNVB beker. De ploech fan Henk de Jong wûn nei strafskoppen fan RKC Waalwyk, de nûmer 12 fan de earedifyzje. Nei 120 minuten bekerfuotbal wie de stân 2-2 en moasten penalties de beslissing bringe. De Ljouwerters skeaten alles raak en omdat doelman Sonny Stevens de ynset fan Melle Meulensteen keare koe, giet Cambuur in ronde fierder.

Cambuur Sjoernaal

Yn dit sjoernaal sjogge we elke sneon werom op de wedstriid fan SC Cambuur yn de Keuken Kampioen Divisie.
(Advertinsje)